Weppers tongersdei 12-10

Weppers woansdei 11-10-2017
11 oktober 2017
Jehannes Nauta is ferstoarn…….
12 oktober 2017

Mei de bus! (1)

SDS 1 spilet op sneon 4 novimber út tsjin Willemsooord 1. Krekt sa ’n potsje om mei syn allen yn de bus der hinne. Wolle jo ek mei yn de bus lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl of lit it Willem efkes witte. Foar supporters kostet it €10,- Dit is foar in retourke fansels! Hooplik sitte de 3 punten der ek by yn.

Mei de bus! (2)

SDS 2 spilet op sneon 18 novimber út tsjin de Knickerbockers út Grins. Ek in moai ‘buspotsje’! It is noch net wis hoe grut as de bus foar SDS 2 wurdt en of der ek noch mear lju mei kinne. Yn de kofferbak wurdt sawisa romte frijhôlden foar 3 punten.

Sponserjûn mei Simon Kistemaker

Op freed 17 novimber komt kulttrainer Simon Kistemaker sprekken by op de SDS-sponserjûn. Foar de lju dy ’t Simon Kistemaker net kinne mei it stikje wol efkes lêze út it Frysk Deiblêd oer syn boek wat ferline jier útkaam; De Kist (sjoch hjir).

Lokwinske!

Us fysiotherapeut yn oplieding Foeke Reitsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Ek noch mei de goal by it Efkes Baljen fan ferline wike!

Keunstgers

Justerjûn wie der wer in útstjoering fan Zembla oer it gefaar fan keunstgers foar de folkssûnens. Jim kinne it hjir besjen. Dit kear gie it net mear oer it gefaar dat fuotballers rinne soenen as sy der op fuotbalje, mar wat der bard mei de grûn ûnder de keunstgersmatte.

Keunstgers (2)

In SDS-lid sei oer de nije dokumintêre fan Zembla; ‘Sy sykje krekt sa lang oant sy ien of iets fine dy ’t der siik fan wurdt. Al is it in wjirm dy ’t yn in rubberkorrel stikt is………………’

Net nei it WK yn Ruslân…..

Fansels is it spitich dat it Nederlâns alvetal net nei it WK yn Ruslân giet. Lokkich genôch wit ús favorite kollumnist Sjoerd Mossou der dochs noch in positive draai oan te jaan. Lês it hjir.

Harsens derby (1933)

Fansels is it aardich dat Panama nei it WK giet, mar it is al de bedoeling dat de bal écht oer de line giet om it as doelpunt te tellen. Al seagen de skiedsrjochters it yn dizze beslissende wedstryd oars………..

 

Daliks mear!