Weppers tiisdei 9-1-2018

SDS seal juster op OFK

Justerjûn kaam SDS  seal yn aksje op it OFK yn de Trije yn Frjentsjer en pleatsten harren foar sneon.
SDS seal – Emmeloord 1             2-1
SDS seal – drs Vijfje 2                 2-0
SDS seal – Mulier 1                      3-0
SDS seal – Heeg 1                         1-3
SDS seal – Wikels Hallum 2      0-0

SDS gie op paad nei Frjentsjer mei de spilers Jaap, Erik, Tsjipke, Bote, Anne, Wichard en Willem en lieder Anne Brouwer.
De earste wedstryd mocht SDS lyk flink oan de bak tsjin sc Emmeloord. De Emmeloorders foelen oan, mar koenen net echt in fûst meitsje en it wie Bote dy ’t foar SDS skore koe. Bote wie op it lêst by de seleksje kommen, omdat Peter Sijbesma troch de rêch gienen wie. It waard noch wol 1-1 en SDS like hjir tefreden mei te wêzen, mar Bote skoorde op ‘e nij en SDS joech neat mear fuort.
De twadde wedstryd foel Drs. Vijfje oan en koe SDS fol op de kounter spylje. Twa kear ûntsnapte Erik Haitsma en skoorde lyk twa kear.
By winst op Mulier soe SDS in flinke stap meitsje nei de folgende ronde. Op ‘e nij konsentreard en op de kounter wûn SDS troch goals fan Willem, Tsjipke en Erik. By winst op Heeg 1 soe SDS seker wêze fan in plakje yn de finales. Dit rûn allinnich efkes oars. SDS like minder konsentreard en hie it dreech mei de jonge fitte Hegemers. SDS kaam 1-0 efter, mar mei de 1-1 twa minuten foar tiid troch Bote mocht SDS tefreden wêze. Spitich genôch waard dochs noch it tsiis fan de bôle iten en waard it sels noch 3-1 foar Heeg.
Om ’t Heeg noch, foar de lêste wedstryd fan SDS, tsjin Mulier fuotbalje moast, wist SDS wat it tsjin Wikels-Hallum 2 (ferfanger fan Drachtster Boys) dwaan moast om troch te gean. Heeg ferlear fan Mulier en dat betsjutte dat SDS oan in lyts ferlies genôch hawwe soe. SDS fuotballe konsentreard en joech neat fuort en hie wat pech by de ôfronding. Sa bleaun it 0-0 en mei SDS as nûmer twa sneon meidwaan oan de finaleronde. Drs. Vijfje 2 waard úteinlik earste yn de poule.

SDS fjild jûn net op it OFK…………., mar sc Franeker zaterdag 2

Spitich genôch hat SDS fjild ^fsizze moatten foar it OFK.Sy soenen sealbalje mei Gert-Jan Bootsma, Bauke, Jacob-Klaas, Habtamu, Remco, Matthijs en Elger, mar der binne 3 blesseard en 1 is siik. Dizze wedstriden wurde jûn net spile troch SDS, mar troch sc Franeker 2 dy ’t it plakje fan SDS oernimt.
19.58 SDS – Leovardia
20.40 Wardy – SDS
21.22 Broekster Boys – SDS
22.04 SDS – De Herauten
22.46 Puinhoop United – SDS
Puinhoop United ferlear ferline jier yn de finale fan it OFK fan Urk.

SDS Vr.1 tongersdei op it OFK

De froulju fan SDS meie tongersdei los op it OFK. Harren programma sjocht der sa út:
19.58 SDS Vr.1 – FFS
20.26 SDS Vr.1 – Heerenveense Boys
21.08 Leeuwarder Zwaluwen – SDS Vr.1
21.50 SDS vr.1 – Broekster Boys
22.32 Nieuw-Roden – SDS Vr.1
Nieuw-Roden wûn twa jier werom by de froulju it OFK.

Seal

De sealfuotballers fan SDS dy ’t troch de wike meidogge oan de sealkompetysje meie dizze wike ek wer los. Sy spylje woansdeitejûn om 21.00 oere yn de Snitser sporthal tsjin Black Boys 2.

Harsens derby (1968)

Ferline jier op it OFK hie SDS seal in prima gefaltsje ‘harsens derby’……….

 

Letter mear!