Weppers tiisdei 23-5

Slotdei jeugd grut súkses!
21 mei 2017
Weppers tongersdei 25-5-2017
25 mei 2017

Fan SDS nei ONS!

Peter van de Hoogerwerf fan SDS JO17 giet kommend seizoen foar ONS fuotbaljen. Peter makket in stoarmeftige ûntwikkeling troch en makke it ôfrûne seizoen sels al syn debút yn SDS 1. Hy sil by ONS yn de JO19 komme dy ’t noch fuotballet foar promoasje nei de 3e-Divysje. Wy hoopje dat Peter it bot nei syn sin krije sil by ONS. Mocht hy al syn nocht krije dan sjogge wy him graach werom by SDS fansels! Súkses Peter!

Slotdei C’s

Op de slotdei foar de senioaren, froulju, A’s, B’s, sealfuotballers en de Efkes Ballers organisere wy ek in apart mikstoernoai foar de C’s en MC’s (JO15 en MO15).
Dit toernoai begjint op sneon 3 juny om 13.00 oere. Hjirnei kinne de jonkjes en famkes genietsje fan in broadsje hamburger!
Graach opjaan fia de lieders.

Keepersclinic

Wy sjogge hieltiten faker dat der spesjale keepersclinics binne. Sa wie der ôfrûne snein ien by Leovardia yn Ljouwert fan Sierd van der Berg. Grietzen en Yke Gaastra hawwe der oan mei dien en gienen sels noch efkes mei Sergio Padt op de foto. Sergio Padt is foar de kommende ynterlân fan it Nederlâns alvetal útnoege troch bûnscoach Dick Advocaat.

SDS 4

Arjan Hallema lit ús noch witte dat SDS 4 sneon bij NOK leuk fuotballe hat, mar wol ferlern. Doelpunt fan de 2-1 nederlaach wie fan Wietse Fopma.

Programma thús

Kommende sneon noch ien thúswedstriid. SDS 4 ûntfangt Makkum 4.

Programma út

Woansdei moat SDS MO15-1 d út fuotbalje tsjin Blauw Wit MO15-1 en sneon slúte de froulju harren seizoen ôf yn Nijehoarne tsjin WTTC/Udiros.

Doelpunten

Mei noch ien wedstriid fan SDS 4 en ien wedstriid fan SDS VR1 te gean, liket it ús wol dúdlik wa’t de topskoarster is fan SDS yn it seizoen 2016-2017. Sjoch hjir.

Ajax – Man. United yn de Jimbar

De Jimbar yn Wommels is moarntejûn spesjaal iepen om dêr Ajax – Manchester United te sjen.

Alderaardichst

De helte fan de wepmasters is foar Read-Wyt en de oare helte foar Read-Wyt. Dochs fine beide dit alderaardichst.
Op it heden kinne je yn Rotterdam Ajax-pizza’s krije; ‘mist ien puntsje’………..

Bonucci

Dat klupleafde net altiten te stjoeren is mei dúdlik wêze út dit plaatsje. Bonucci is kampioen wurden mei Juventus en is út de skroeven. Syn soantsje is allinnich supporter fan Torino en is der net sa wiis mei dat hy in Juventussjurtsje oan hawwe moat.

Harsens derby (1893)

‘Tikkie werom, Jaap’