Weppers tiisdei 22-5-2018

Korps vv SDS krimpt
22 mei 2018
Weppers tongersdei 24-05-2018
24 mei 2018

Programma troch de wike

Yn Easterein is woansdeitejûn ien trochdewykse wedstriden. SDS JO9-2 nimt it om 18.30 oere op tsjin Zeerobben JO9-3g.

Skiedsrjochters

Foar de tredde kear freget Dennis Vinke oandacht foar de skiedsrjochters. Lês it artikel.

Gjin tiid…….

Erik Haitsma hat it smoardrok mei fervjen, fuotbaljen, keatsen en efter de froulju oan dat de lichamelijke fersoarging wolris wat efterbliuwt. Sa moast hy him ôfrûne sneon nei WPB – SDS ûnder de brûs noch skere. Hy wie goed tared, want hy hie it oplaadbare elektryske skeerapparaat meinaam. Spitich genôch wie de batterij al leech doe ’t hy op de helte wie…….

Afbeeldingsresultaat voor shave half
Uteinlik hie der dochs noch gelok, want Jelmer hie noch in skeermeske mei…….

Jou je noch op foar de barbecue!

Der binne al sa ’n 100 oanmeldings foar de barbecue kommende sneon, mar der kinne best noch wol lju by. Frijwilligers meie fergees en oars kostet it €10,- p.p. Jou je hjir op of jou it troch oan Willem Wijnia.

Bewege


Bewege is in goeie saak en dêrfoar kinne je bij SDS telâne. Nei sneon is it seizoen frijwol dien mar dan kinne je noch altiten bewege. Bijgelyks foar jong en âld yn Wommels op 3 juny. Ek foar bern binne der meardere aktiviteiten. sjoch hjir

Pannatoernoai

Ek op 3 juny yn Wommels
Van 13.00 tot 16.00 uur is er een Pannakooitoernooi voor de jeugd van 13-16 jaar .
Graag wil ik jullie uitnodigen om je op te geven voor dit mooie evenement.
de bedoeling is dat je je opgeeft met een team van 2 en eventueel een reserve / wissel
dit kan via een mail naar: pannatoernooi@outlook.com

Ut de âlde aginda


Jelle de Boer syn agenda fan 1972-1973 hie net allinne in oersicht fan de utslaggen en doelpuntenmakkers fan SDS 1 mar ek fan SDS 3, omdat Jelle dêr sels yn fuotballe. Jelle skoarde sels dat jier 5 kear, Roel Sijbesma skoarde hast alle wedstriden wol en tsjin TOP 4 skoarden ferdigener Teun Boonstra en ferdigener Tsjalke Pander skoarde sels 2 kear…..

Harsens derby (2026)

Mocht Dumfries fuortgean by sc heerenveen dan witte wy noch wol in goeie back……. ‘Plat op de Bek’ 😉