Weppers tiisdei 20-3-2018

Seal

Woansdeitejûn spilet SDS seal thús om 20.00 oere tsjin Black Boys 2.

Ynhelje

De KNVB hat de ôflaste wedstriden fan sneon fan de tredde klasse A op nij ynpland. Se steane no op it programma foar peaskemoandei 2 april.  Dus Bant 1 – SDS 1 om 14.30.  At Nijland 1 – DWP 1 dan ek plakfine sil, betwivelje wij mei 2500 muzykleafhawwers op it selde Aaipopterrein…….

SDS JO10-2 nei Flylân

Foar it earst yn de skiednis sil der in ploegje SDS’ers op Flylân fuotbalje. Kommende sneon mei de JO10-2 op it eilân tsjin VSV’31. De MO15 fan SDS mocht earder dit seizoen ek alris tsjin VSV’31, mar dy mochten doe yn Harns fuotbalje. Dat der net earder SDS’ers op Flylân balle hawwe is net sa gek. Pas sûnt 2018 dochs VSV’31 mei yn de jeugdkompetysje fan de KNVB.

Doelpuntenklassemint

159 doelpunten makke troch SDS 1, SDS 2, SDS 3, SDS 4 en Vr1. Hoe’t se ferdield binne is hjir te sjen.

Twente

In moaie kollum lêze is net ferkeard.  Ek Willem Vissers kin betiden hiele moaie dingen skriuwe. Sjoch hjir.

Ronde fan SWF

Mochten je Peaskesnein no alle peaske-aaien al fûn hawwe en noch enersjy oer hawwe dan is dit miskien wol in idee.

Harsens derby (1997)

Kin net misse……………………. 😉