Weppers tiisdei 15-5-2018

Weppers snein 13-5-2018
13 mei 2018
KICK Jongenscoaching nije stiper SDS JO19-1
15 mei 2018

SDS MO15-1

Tiisdeitejûn om 19.00 spilet SDS MO 15-1 thús tsjin ONS Sneek MO15-1.

SDS JO19-1

De jonges fan SDS JO19-1 moatte jûn nei MKV’29 JO19-1. It begjint yn Ljouwert om 19.30 oere.

Mei de bus nei WPB!

SDS 1 wol it seizoen thús feestelijk ôfslúte mei in barbecue en muzyk nei SDS 1 – TOP’63 1 op sneon 26 maaie en wol it út alfêst feestelijk ôfslúte by WPB. Mocht SDS beide wedstriden winne dan soe der noch in Perioade ynsitte kinne ommers.
Sy sille dan yn de bus nei Snits. Wa ’t ek mei wol mei it wol efkes trochjaan oan Willem of oan ien fan SDS 1.

Gat yn it net?

By SDS 3 skoo0rde sneon de webmaster sûnder burd de 6-1 nei in knappe foarset fan Piter van der Pol. Ten minste dat sei de skiedsrjochter, de doelpuntenmakker en de man fan de assist. De bal gie namelijk troch it net hinne en bedarre efter de goal yn de boskjes. Materiaalman Andries Stuiver bliuwt der dan ek by dat de goal net siet en gewoan neist wie. Juster hat hy it net ynspekteard. Wy binne benijd nei de útkomst.

Teamfoto’s

Fuort mei dy stive teamfoto’s.  Kreatityf en orisjineel dat binne in oantal fan dizze foto’s dy’t meidogge oan de wedstriid “de meest amateuristische foto van Nederland”.

In plaatsje

Sneontemiddei hongen de sjurts fan SDS JO13-1 by Anneke en Theun Gaastra oan de line. It bliuwt in plaatsje!

Harsens derby (2024)

In streaker is alderaardichst, mar om je no earst hielendal om te klaaien as pony……………