Weppers tiisdei 13-3

Weppers moandei 12-3
12 maart 2018
Weppers tongersdei 15-3
15 maart 2018

SDS seal

Jûn mei SDS seal wer los. Sij geane nei Balk en spylje tsjin Woudsend 1. It begjint om 20.55 oere.

Oefenje

SDS MO13-1 sil hjoed om 17.45 oere thús oefenje tsjin Mulier JO11-1.

De earste winst!

Tuerlik giet it der by de jongste jeugd net om as je winne as ferlieze! Utsein as je alles ferlieze………. Lokkich genôch hat de JO8-1 fan SDS sneon foar it earst wûn en dat ek noch wol yn de derby tsjin Easterlittens. De jonkjes en famkes fan SDS wienen dan ek hielendal út de skroeven!

Selektearre

Sommige spilers ferlitte SDS al op jonge leeftyd. Ien fan harren is Doede de Jager fan Turns. Hij is no selektearre foar de lannelike training JO13 . Sjoch hjir.

De nije Treffer

Ynkoarten komt de nije Treffer wer út! Mochten jim nioch wat nijsgjirrichs hawwe foar de Treffer lit it dan efkes witte fia info@vv-sds.nl.

Dordrecht

Op 5 augustus 2017 hiene wij yn Easterein FC Dordrecht op besite foar in oefenwedstriid. It kin hast net oars wêze dat harren 2-13 oerwinning soarge hat foar in stevige basis foar dit seizoen. Sij krigen yn dy wedstriid alle romte en gelegenheid om oanfalspatronen op te setten.  Dat resulteart dan ek yn de  tredde periode.

Harsens derby (1994)

In spiler fan Sjachtar wie fannejûn wat hastich………….