Weppers snein 20-8-2017

Weppers freed 18-8-2017
18 augustus 2017
Weppers woansdei 23-8
23 augustus 2017

SDS 1 wint

SDS 1 hat juster oefene tsjin Heeg 1. Wij sjogge dat SDS 1 mei 0-4 wûn hat.

Trainingsskema


Altyd in hiel gepuzzel is it. Rekkeninghâldend mei de trainers wannear dy kinne, wurdt er wer in skema yn elkoar setten mei de trainingstiden fan alle alvetallen. Utgongspunt is dat it keunstgersfjild sa folle mooglik brûkt wurdt. Dat sit dan no ek hielendal fol.

JC Arena of Dagobert Duck


De Arena yn Amsterdam krijt in oare namme. Iets mei Johan Cruijff of sa. Sjoen de goeie ferkeapen en de matige prestaasjes is op de sosjale media al foarsteld om it noch mar in oare namme te jaan. Iets mei Dagobert Duck, de jildwolf út de Donald Duck ferhalen