Weppers snein 18-2

Sneon 17-2-2018
16 februari 2018
SDS zoekt verenigingsscheidsrechters.
19 februari 2018

Fersoarger


De wûnderspûns fan de fersoarger kin somtiden echt wûnderen ferrrjochtsje liket it betiden wol. Frjemd is it wol dat wij dizze foto juster krigen út Sint Jansgea mei de tekst ” Primeur: Foeke had foar it earst syn spôns brûkt yn syn karriere as striker!

Fersoarchster


Bij SDS VR1 hie de fersoarchster it goed foarelkoar. Sij wie op de fyts en bij blessures fier fuort  wie dat maklik en superfluch.

Stân yn 3A

It is in frjemde gong fan saken yn de tredde klasse A. It ferskil tusken de meast en de minste spile wedstriden is 6. DWP stie al op 16 wedstriden en Bant hat de helte fan it oantal te spyljen wedstriden noch net iens hân. Sij steane op 10 wedstriden. Sjoch hjir.

SDS / Nijlân Jo 15-2 – tsjin AVC Jo 15-2

Henk Bootsma makke sneon wer alderaardichste plaatsjes by SDS-Nijland JO15-2 AVC JO15-2. Winterske taferielen dêr! Sjoch hjir.

Rektifikaasje

SDS JO19-1 siet ferline wike op Amelân en wy skreaunen dat Yward en Sander de hassebassies regelen per skelter……….. Stom fansels! It is Yward wol, mar dêrneist sit fansels Sander syn broer Niels. Sander is noch fiersten te jong om hassebassies te heljen……..

Harsens derby (1989)

‘Tikkie werom, Jaap!