Weppers snein 13-5-2018

Pupillen fan de wike


Dizze kear 4 pupillen fan de wike neffens ús ferslachjouwer. Auck Dijkstra, Lourens, Remco en Bram Veenje.

Optimisme


Bij VR1 wie der fansels fan te foaren optimisme. Sanne-Rixt en Lysanne diene juster net mei (yn ferbân mei de “belachlike” privacyrigels foar ferienigingen meie wij fanôf 25 maaie net mear sizze dat se blessearre binne, dus sizze wij it no noch wol). En omdat se net meidiene koene se moai in spandoek meitsje.

Lokwinsken

De lokwinsken binne foar Nijland 1, de kampioen yn de tredde klasse A. Spesjaal fansels foar Douwe Posthuma, takem seizoen trainer bij SDS 1 en ek in bytsje  foar Lykle Bleekveld, takem jier trainer fan de nije twadde klasser út Nijland.

3A

De kampioen yn de tredde klasse A is bekend, twa periodekampioen ek, mar de rest is noch tige spannend. Wis is dat SDS 1 út de gefarensône is en noch meidocht om de tredde periode of it oernimmen fan de periodetitel fan Nijland. Mar der binne noch in hiele soad kapers op de kust. Ek ûnderyn meitsje WPB en QVC der in spannende striid fan, wa’t streekrjocht degradeare moat. Sjoch hjir nei de stân.

Foto’s Henk Bootsma

Henk Bootsma hat juster wer hiel wat plaatsjes sketten by SDS – Heerenveense Boys. Jim kinne se allegear fine op syn Facebookside (sjoch hjir).

Net skerp…

By de Wâlde liket de skerpte der wat ôf. Net allinnich by de spilers, mar ek by de redaksje fan it programmaboekje………

Pollen

Der is wer flink meand, it wie waarm, der wie wyn en dêrom hie juster sa’n 20 % fan de Friezen lêst fan pollen. Bij in oantal tsjinstanners fan SDS lei dit persintaazje  juster wat heger, want dy hiene ek noch lêst fan skoarende van der Pollen. Pieter en Steven skoarden bij SDS JO19-1 en Lourens skoarde foar SDS 1. De skiedsrjochter bij SDS 1 hie der ek flink lêst fan en hij stjoerde Lourens nei 55 minuten mei twa kear giel it fjild út.

Bunnikside

It wie wie juster kommer en kwel op de Bunnikside. In brânende sinne en de lijte fan de klaaiboksen jage alle fêste sitters fuort.

Clarence-Sluier-trofee

SDS 3 krige sneon in penalty neidat Dirk-Yde ûnderút helle waard. Harm-Auke Dijkstra frege as hy hiel asjeblyft de penalty nimme mocht. Hy fielde him sa goed……………oant hy by de bal wie…… De ferhalen geane dat de keeper fan Makkum earst de iene hoeke yndûkte, doe wer stien gie, syn hier wer goed die en doe de oare hoeke yndûkte en Harm syn penalty kearde, mar it kin ik wêze dat de keeper al twa minuten yn de hoeke lei. Yn elts gefal miste Harm en dat betsjut in fertsjinne plakje yn de Clarence-Sluiertrofee.

De beker


Herman Vinke wie freed aktyf op in keepersdei yn Heino. Hij kaam mei in hiele moaie beker werom út Oerisel. Best dien Herman!

Harsens derby (2013)

Lekker!