Weppers moandei 8-1-2018

Tige slagge nijjiersfeest
7 januari 2018
Weppers tiisdei 9-1-2018
9 januari 2018

SDS seal op OFK

SDS seal is jûn aktyf yn Frjentsjer op it Iepen Frysk Kampioenskip (OFK). Sij moatte it opnimme tsjin de ûndersteande ploegen. Der geane twa ploegen oer nei de finaledei kommende sneon. Foar SDS seal fuotbalje Jaap, Anne, Tsjipke, Wichard, Erik, Bote en Willem. Feite, Peter en Robert binne blesseard.

19.44 SDS – sc Emmeloord
20.26 Drs. Vijfje 2 – SDS
21.08 Mulier – SDS
21.50 SDS – Heeg
22.32 Wykels-Hallum 2 – SDS

SDS fjild op OFK

Tiisdeitejûn kinne je al wer telâne yn Frjentsjer at SDS fjild los giet. Ek sij moatte harren bij de earste twa pleatse. Foar SDS fjild fuotbalje Gert-Jan Bootsma, Bauke, Jacob-Klaas, Habtamu, Remco, Matthijs en Elger.


19.58 SDS – Leovardia
20.40 Wardy – SDS
21.22 Broekster Boys – SDS
22.04 SDS – De Herauten
22.46 Puinhoop United – SDS

SDS Vr.1 op OFK

Tongersdeitejûn meie de froulju fan SDS Vr.1 los yn de foarronde fan it OFK. Moarn of woansdei kinne jim it programma hjir by ús op de webside besjen.

SDS op OFK 2004

Yn de wike fan it OFK yn Frjentsjer mei dit filmke fansels net ûntbrekke. Ynmiddels al wer 14 jier lyn……

SDS 1 oefent freed

Freedtejûn sil SDS 1 oefenje tsjin Heeg 1. De wedstriid is om 19.00 oere yn Easterein.

SDS docht wer mei oan de Poiesz-aksje!

SDS is wer ynlotten foar de sponseraksje fan de Poiesz yn Skearnegoutum! By eltse €10,- oan boadskippen krije je ynkoarten wer in sponsormunt dy ’t je yn de koker fan SDS stopje kinne. Wannear it safier is dan kinne jim dat hjir lêze.

http://www.poiesz-supermarkten.nl/files/0/6/7/2/JSA_socialmedia_banner.jpg?height=391&width=783

Winner Treffer Krystpuzzel

Yn de Kryst-Treffer stie in alderaardichste Krystpuzzel. De oplossing wie ‘Sljocht op SDS’. Ut alle ynstjoerders fan it goeie antwurd waard sneon Lolke Bouma lutsen as winner. Hy gie nei hûs mei in prachtige SDS-sjaal.

Dick Schuurman

Ald-SDS-trainer Dick Schuurman is no assistent trainer bij Harkemase Boys. Freed stie yn de krante en op Twee Nul dat hij takem jier nei Flevo Boys giet.  Dat is net wier. Sjoch hjir. Dick Schuurman wurdt trainer bij VVI yn Jiskenhuzen.

Marcel Frankena

Ald-SDS-trainer Marcel Frankena is op it heden trainer by DTD en hat syn kontrakt dêr mei in jier ferlengd.

Harsens derôf………

Foto fan Match of the Day

Harsens derby (1967)

Mocht Wichard Deinum jûn skore op it OFK dan sil hy fêst sa jûchheie;)