Weppers moandei 5-3-2018

Skiedsrjochters socht!
4 maart 2018
Fan de Skoalleseize
6 maart 2018

Seal

De jonges fan de seal sille dizze wike ek wer los.  Woansdeitejûn om 21.00 oere trede se thús oan tsjin swartwiten fan Black Boys út Snits.

Programma

At it allegear wat meisit, is der sneon wer in kompleet programma. Sjoch hjir wêr’t jim favorite team spilet.

SDS 1 om 17.00 oere

SDS 1 spilet sneon net op de gebrûklike tiid 14.30, ek net op de ûngebrûklike tiid 15.00 oere mar op de noch ûngebrûkliker tiid fan 17.00 oere. Willemsoord 1 is de tsjinstanner en sij woene hjir wol graach oan meiwurkje. Nei de tiid muzyk fan Gerrit Poortinga….

Topskoarders Littenseradiel

Wij binne no al ûnwennich fan de gemeente Littenseradiel. Wij binne dan ek bliid dat de wepside fan Voetbalnederland  noch altiten docht of besteane wij noch. De topskoarders 2017-2018 fan de beide klups kinne jim dan ek noch hjir sjen.

“Opdooi”

It trainingsfjild efter de sporthal hat lêst fan ûntteien en trainen is noch net mooglik. Sa gau as der wer traind wurde kin dan kinne jim it hjir op de webside lêze.

SDS-League

De nijste ranglist fan de SDS-League ûntteid langsum, mar wy ferwachtsje seker tongersdei om 20.32 oere mei de aldernijste stân te kommen.

Poiesz-jeugdsponseraksje

By de Poiesz krije je ek dizze wike wer spaarpunten by de boadskippen. Jim kinne se yn de SDS-koker dwaan by de Poiesz yn Skearnegoutum of yn de kantine fan SDS yn de grutte pot. Alfêst tige by tige! Dizze wike moatte wy allegear mar oan de slagroomsoesjes tochten wy sa.

Ideetsje

Mocht der by SDS nochris yn de snie fuotbald wurde dan is dit miskien in idee om it de supporters ek wat nei de sin te meitsjen………

Harsens derby (1991)

No al in klassiker! De keeper nimt tidens de wedstryd efkes in slokje út de flesse en ferjit hielendal te keepen………