Weppers moandei 24-4

Keepersdei tige slagge!
24 april 2017
Weppers woansdei 26-4
26 april 2017

SDS-dropaksje!

De SDS-dropaksje hat mar leafst sa ’n €2222,20 oplevere! Mei tank oan alle jeugdleden, leiders, trainers en âlders! Allegear tige by tige! Jim binne toppers!

Programma

Wij hawwe dizze wike gjin trochdewykse wedstriden mei útsûndering fan it sealteam. Sij moatte woansdeitejûn harren lêste thúswedstryd fan it seizoen fuotbalje tsjin sc Bolsward 2 om 20.00 oere.

Stannen

Ôfrûne sneon kaam de fraach wer ris as de stannen ek op de webside kinne. Dit soe seker kinne, mar sa makkelijk giet dit spitich genôch net. As je de stannen op je webside hawwe wolle dan moatte je in spesjaal abonnemint oanfreegje foar Sportlink by de KNVB. Hjir moatte je ek aardich foar betelje. ynkoarten sille wy wer ris besjen as it dy kosten wurdich binne.

Rekord

Je hawwe der neat oan, mar wy hearden juster dat Ajax al mear as 1650 wedstriden efterelkoar fuotballet mei sawisa ien fuotballer ûnder de 20 jier. Dat blykt al sa te wêzen sûnt 1982………

Harsens derby (1877)

Dit hawwe ien kear faker sjoen.