Weppers moandei 19-3-2018

Sneon 17-3-2018
16 maart 2018
Weppers tiisdei 20-3-2018
20 maart 2018

Kaai fûn

Sneon is der by de kantine in kaai fûn. Mocht ien him misse dan mei dy kontakt sykje mei Willem Twijnstra; 06-15472184.

SDS-ers der op út

Wij hawwe ús tsiende foto yn de foto galarij ” SDS-ers der op út “. Dizze kear is it net nei it fuotbal mar nei in oare populaire sport yn Wales. Sjoch hjir.

Derby!

Kommende sneon hawwe wy wer in derby! SDS 1 spilet om 14.30 oere thús tsjin Nijland 1. De muoite wurdich om efkes del te kommen tochten wy sa. Soe Nijland mei de bus komme?

Respekt!

It wie sneon âlderglûpendste kâld op en rûn it fuotbalfjild. Respekt dan ek foar elkenien dy ’t fuotballe hat, mar ek de supporters oan de kant.

Sa kin it ek!

Munten


Efkes in herinnering oan de muntenaksje bij Poiesz. Keapje de kommende wiken ek in kear bij Poiesz om munten foar SDS te sparjen. Yn Skearnegoutum kinne jim de munten ynleverje. Yn de kantine stiet ek in bak wêr as jim se yn dwaan kinne. De aksje duorret noch oant 8 april.

It hynder


Mei Twente giet net sa goed. Fotoshoppers binne al dwaande west om it logo fan Twente oan te passen oan de ferwachte sitewaasje fan 2018-2019.

Harsens derby (1996)

Toet, toet!!