Weppers moandei 16-1-2017

SDS seal sûnder sukses op OFK
14 januari 2017
SDS-sealtoernoai op sneon 28 jannewaris. Jou dy no op!
17 januari 2017

Utslaggen

In oprop oan de lieders fan teams dy’t meidogge oan it KNVB sealtoernooi. Wolle jim de útslaggen trochjaan. Dit kin via de mail nei wedstriidsekretaris@vv-sds.nl of een appke of sms nei 06-33030042.
Fan sneon 14-1 wurde de útslagen noch van SDS JO13-4 en SDS JO11-3 “fermist”.

SDS-sealtoernoai

Sneon 28 jannewaris is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, efkes ballers, sealfuotballers, JO19 en âld-SDS’ers. Jûn stiet it opjefteformulier hjir op de webside. Jim kinne jim no alfêst hjir opjaan.

Opstelling SDS 1


Je kinne oer alvetalfoto’s soms fan alles sizze en opmerke. Se binne te stiif, te moai, te ljocht, te donker ensafuorthinne. Oan de alvetalfoto dy’t sneon makke is fan SDS 1 tidens in útsje is neat op te merken. Hij klopt. In moaie komposysje fan in fitte ploech,  in prima opstelling yn it sfearfolle omjouwing.

Bas is wer thús!

Bas van der Weij is juster wer thús kommen nei hast in wike yn it UMCG lein te hawwen. Hy jout oan dat hy him hartstikke fit fielt. Sels wol 4x fitter dan foar ’t hy der hinne gie. Hy kin sa mei SDS 1 mei!

Alderaardichst

Dan hawwe je der in bealch wurk fan hân om it fjild wat sniefrij te krijen en sit je jûns eindelijk rêstich op de bank en dan sjogge je dit……..
Het veld met het silhouet van sneeuw

Harsens derby (1820)

Je ploeggenoat in drukker jaan en dan ek noch in pingel krije…….