Weppers freed 9-2-2018

Weppers tongersdei 8-2-2018
8 februari 2018
De nije SDS-League!
9 februari 2018

SDS 1 – QVC 1

Sneon mei SDS besykje de punten thús te hâlden.  QVC  1, ek ien fan de ploegen dy’t ûnderoan hinget, komt op besite. De seleksje moat er om 13.00 oere wêze en de taskôgers om 14.30 oere.

Dit is de seleksje: Bauke, Ewout, Frank, Gerwin, Habtamu, Jaap, Jacob Klaas, Jelmer, Lourens, Marco, Mattjijs, Pieter, Peter, Wiebe

Wykels Hallum 2 – SDS 2

Om 13.00 oere reizget SDS 2 ôf nei Hallum. Om 14.30 sil dizze seleksje fuotbalje:

Gertjan, Anne, Bote, Dirk, Feite, Hendrik, Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Sjoerd, Tjeerd, Wiebe, Willem.

Mildam VR1 – SDS Vr1

Nei it bekeravontoer yn de polder giet SDS VR1 fierder yn de kompetysje.  Om 13.00 sette se ôf om 14.30 gean se fuotbaljen:

Marjo, Tjitske, Seriete, Richtje, Kirsten, Sanne, Lysanne, Gerry-Edou, Hester, Sieta, Agnes, Geeske, Janieke en Alissa.

Coach: Bertus
Flagger: Luke Postma

SDS 4

Op it programma stiet dat sij thús om 14.30 tsjin Oudega 2 spylje. At dat echt plakfynt is ôfwachtsjen bij dit team. De “gietnettrochfirus”is noch net út de buert….Dizze jonges sitte yn spanning: Tseard, Thomas, Johan, Doede S, Rick, Sytse, Jelmer, Steffen, WiFi, Andries, Peter en DDK

SDS 3

Om 12.30 yn de haadstêd fan ús gemeente de wedstriid ONS 4 – SDS 3.

Programma

It folsleine programma fan sneon is yn it menu te finen bij Wedstriden.

Standen

Foar hast alle teams begjint in nije kompetysje. Foar in pear is der al in ranglist. Sjoch hjir hoe’t it bij jim favorite team is

Primeur?

It is sneon noch net sa fier, mar SDS MO15-1 liket in primeur te hawwen bij SDS. Want wij kinne it ús net herinnerje at er ea in ploechje nei Flylân west hat te fuotbaljen.  Dit foarjier stiet op it programma Vlielandse Sport Vereniging ’31 MO 15-1 – SDS MO 15-1

Bliid wêze


It is betiden tryst om te sjen op hokker wize in doelpunt fierd wurdt troch in doelpuntenmakker. Wij seagen it absolute djiptepunt en hichtepunt dizze wike.

VTOC


VTOC is it Voetbal Totaal Opleidingscentrum foar jeugd fan 6 oan 15 jier. Sij jouwe hjir en dêr betelle trainingen. Ynkoarten is der sa’n trainingssessy bij Mulier yn Wytmarsum.  Jim kinne der  mear oer lêze troch op it affysje te klikken

Harsens derby (1985)

As je by Barcelona keepe moatte je altiten je harsens derby hâlde………… en wat gelok hawwe………