Weppers freed 8-12-2017

SDS-League: ‘FC Boekelaar’ noch oan de top!
7 december 2017
Sneon 9-12-2017
8 december 2017

Oerrinner


Sinteklaas wie juster bij SDS 1 op besite. It nijs dat trainer Marco Hoekstra oerstapt fan it fuotbal nei it keatsen is Sinteklaas ek net ûntgien. Marco hat syn earste priis al binnen dit seizoen

Schalkedei


Op 4 maaie 2018 is der bij sv Mulier yn Wytmarsum in FC Schalkedei: in trainingsdei basearre op de fuotbalfisy fan dy Dútske klup yn it blau. Net allinne jeugdspilers fan Mulier kinne meidwaan mar ek dy fan SDS. Jim kinne der alles oer lêze op dizze link. 

Seal: SDS 1 wint thriller op ‘e Jouwer

SDS fuotballe woansdeitejûn om 22.00 oere op ‘e Jouwer tsjin de nûmer 3, Haskerland 5, en it waard in wiere thriller. SDS begie de wedstryd mei 1 wiksel op de bank en Haskerland mei 3. SDS kaam mei 3-1 foar troch goals fan debutant Wybe Zuidema en ien fan Pieter de Vries (út Snits). Hjirnei waard Bas de Haan wekker dy ’t mar leafst 3 kear skoorde. Haskerland kaam oant 6-4 mei noch 3 minuten op de klok en foel mei man en macht en de keeper oan. Keeper Johan Heerma waard úteinlik de man fan de wedstryd mei fabeleftige reddingen en koe it op in 6-5 oerwinning hâlde.

SDS 1

De toppers fan SDS 1 geane sneon sûnder getob oer de lêste twadde helte tsjin Nok nei Toppenhuzen. Se binne op en top fris en se binne fan doel it seil yn de top te setten sneontemiddei tsjin Top’63.
Om 14.30 sil skiedsrjochter Kingma it earste fluitsinjaal dwaan foar dizze seleksje fan SDS 1:
Arjen Los, Bauke Dijkstra,  Erik Haitsma, Frank Bervoets,  Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jacob Klaas Haitsma, Lourens van der Pol,  Marco Rijpkema, Matthijs Postma, Remco Hylkema en Wiebe Heeres.

SDS 2

Tsja, sei de de koach oer ôfrûne sneon. It klonk wat deprimearjend. Wij hope dat syn folgjende stikje begjint mei Tsjakka….
Om 15.00 oere giet it los yn Easterein: SDS 2 – sc Joure 2….
Dizze mannen sille it tsjakka útfiere en binne om 14.00 oere yn de boks:
Elger Turksma, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf,  Jurjen Los, Marten Faber, Piter van der Pol, Sjoerd de Vries , Wiebe Vellenga en Pieter Kamstra.

SDS 3

SDS 3 spilet om 12.45 op it keunstgers tsjin Arum/Stormvogels 2. Dizze mannen komme om 12.00 oere yn de boks.
Anco Elgersma, Auke Hiemstra, Gerlof Jan Hofstra, Gertjan Hiemstra, Hans van der Schaar, Harm Stremler, Henk Postma, Ids Boersma, Jan-Simon Jelsma, Klaas van der Weg, , Pieter Lieuwe fan de Flach, Robert Sijbesma, Tjeerd Dijkstra, Wichard Deinum, Willem Wijnia en Ype Tiemersma.

SDS 4

SDS 4 sit bij WPB 5 en WPB 6 yn. Fan WPB 5 ferlearen se thús, dan wurdt it no tiid foar in oerwinning, Want twa kear ferlieze fan Snitsers, dan liket ús net in goeie gedachte, Om 14.30 kinne jim dizze skutters sjen op it Skuttersfjild.
Andries, Broer Jacob, Doede Douwe, Gert Jan, Ids, Igor, Jelle, Johannes, Jorrit, Klaas Bouke, Ruun, Sytse, Tseard en Wietse.

SDS VR1

SDS VR1 hat net genôch spylsters nei de slach yn it Fean. Dus giet harren thúswedstriid sneon net troch.

SDS JO15-3 – Zeerobben giet net troch

De wedstryd fan sneon tusken SDS JO15-3 en Zeerobben giet sneon net troch. Y.f.m. it ferstjerren fan erelid Jan Boomsma gean alle wedstriden fan Zeerobben sneon net troch. Us meilibben giet út nei alle Zeerobben.

SDS-FIFA-18-toernoai

Op woansdei 3 jannewaris organisere wy wer in SDS-FIFA-toernoai. It sil ferspile wurde op ferskeidene Playstations. Nije wike mear hjir oer!

Harsens derby (1959)

Lekkere pass…………