Weppers freed 6-4-2018

SDS-League; ‘It kin Elger!’
5 april 2018
Sneon 7-4-2018
6 april 2018

SDS 1: leaver 3 punten mei as in baarch út de beam

SDS 1 moat sneon om 14.30 oere tsjin koprinner Oudehaske.  De seleksje dy’t de baarch hingje lit mar de trije punten mei nimt en om 13.00 oere út Easterein fertrekt:
Jaap Toering, Bauke Dijkstra, Erik Haitsma, Ewout de Boer, Frank Bervoets, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jacob-Klaas Haitsma,  Jelmer Posthumus, Lourens van der Pol, Matthijs Postma,  Remco Hylkema, Sjoerd de Vries en Wiebe Heeres.

SDS 2 thús om 15.00 oere tsjin de brijbekken

Warkummers binne brijbekken. Dat hawwe wij net betocht dat komt út eardere tiden. Sneon nimt SDS 2 it op tsjin Workum 2. Sy wurde om 13.59 oere yn de boks ferwachte.
De seleksje: Gertjan Bootsma, Arjen Los, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan,  Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda,  Jurjen Los, Hendrik Engbrenghof, Lieuwe Vriesema, Tjeerd de Vries en Wiebe Vellenga.

SDS 3 om 15.00 oere tsjin de beantsjes

Ek yn Koudum binne se grutsk op harren bijnamme: Beantsjes. De Koudumer beantsjes 2 (dat klinkt suver better as Oeverzwaluwen 2) komme nei Easterein.
Dizze seleksje fan SDS 3 wurdt om 14.14 oere yn de boks ferwachte: Gert-Jan, Anco, Auke, Gerlof-Jan, Hans, Harm D, Harm S, Henk, Jeroen en Ronny, Klaas, Pieter-Lieuwe, Robert, Tjeerd, Ype en Willem.

SDS 4 om 14.30 oere tsjin de ribbekliuwers

Yn Starum hawwe se fansels ek in skelnamme: De ribbekliuwers. SDS 4 nimt it sneon op tsjin harren en fertrekke om 13.14 oere út Easterein.
De seleksje: Martijn, Tseard, Wouter Jan, Andries, Klaas B, Steffen, Peter P, Allert, Johan, Doede D, Rick H, Igor, Sytse H, Jelle en Jelmer.
Wouter-Jan sil de mannen fan SDS 4 fêst wer efkes oppeppe foar de wedstriid!

SDS Vr1 om 13.05 thús tsjin de sûkerfretters

De sûkerfretters skine út Skearnegoutum te kommen neffens Google.  SDS VR 1 spilet tsjin harren en sij neame sich foar dizze gelegenehdi Scharnegoutum VR1.
De seleksje: Marjo, Janieke, Seriete, Richtje, Hester, Lysanne, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa en Sanne.

Efkes Balje

It Efkes Baljen is jûn ek wer. Dizze kear om 19.30 oere yn Easterein.

De Poiesz-sponseraksje

Moarn is it de lêste dei dat je de sponsermunten ynleverje kinne by de Poiesz yn Skearnegoutum. Der noch mar gau efkes hinne tochten wy sa!

Allegear oan de appelflappen!

Harsens derby (2007)

Lekker oannaam!