Weppers freed 30-3-2018

Weppers tongersdei 29-3-2018
29 maart 2018
Sneon 31-3-2018
30 maart 2018

SDS 1 nei Warkum

Om 14.45 yn Warkum de ôftraap fan de wedstriid Workum 1 – SDS 1. Dizze seleksje fan SDS sammelt sneon om 13.15 oere yn Easterein:
Jaap, Bauke, Erik, Ewout, Frank, Habtamu, Jacob-Klaas, Jelmer, Lourens, Marco, Matthijs, Pieter, Peter en Remco.
Riders: Marco H., Robert, Jacob-Klaas, Jelmer en Marco R.

SDS 2 nei Hallum

Wykels Hallum 2 is om 14.30 oere te tsjinstanner fan SDS 2. Dizze seleksje fan SDS fertrekt sneon om 13.00 oere út Easterein:
Gertjan, Arjen, Hendrik, Anne, Bote, Dirk, Feite, Hendrik E., Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Sjoerd en Tjeerd.
Riders: Sjoerd en de 3J’s (Jildert, Jort en Jurjen).

SDS 3 nei Snits

SDS 3 moat al wer nei Snits. No stiet ONS 4 op it menu. De seleksje dy’t dit hapke pakke sil om 12.30 oere:
Gert-Jan, Gerlof-Jan, Hans, Harm, Harm-Auke, Henk, Ids, Jan-Simon, Pieter, Pieter-Lieuwe, Tjeerd, Wichard, Niels en Yward.
Daan flagget!

SDS 4 thús tsjin Oudega 2

SDS 4 hellet sneon thús yn tsjin Oudega 2 om 14.30 oere. Dizze seleksje wurdt rûn in oer as 13.53 oere yn de boks ferwachte:
Allert, Andries, Doede-Douwe, Eeltje, Jehannes, Klaas-Bouke, Martijn, Peter, Rick, Sytse, Wietse, Wouter-Jan, Piter en Wiebe.

SDS VR1 thús tsjin VVI Vr1

Om 14.30 oere komt VVI Vr 1 tagelyk it fjild op mei SDS VR1 om in wedstriid te spyljen. De seleksje: ……

Efkesgoedfreedbalje

Jûn om 19.30 kin it wer los yn Easterein: it Efkes Baljen. Wij binne benijd wa’t no wer nije skuon hat.

Noch in lytse poppe!

It reint lytse poppen by SDS! Ôfrûne moandei is Jetske fan Marten Faber ek befallen fan in lytse sprút. Meike hjit se. Fan herte lokwinske Jetske, Marten en grutte broer Djurre!

Meike mocht lyk by grutte broer Djurre op skoat!

Moai ferslach


De jonge en famkes fan SDS JO 10-2 hiene sneon de kameraploech mei fan Omrop Fryslân tidens harren tripke nei Flylân. Klik op de foto foar in prachtige reportage.

Bus fol?

Sa ’t it no liket sit de bus fan SDS 1 nei Bant fol op Peaskemoandei. Appie, Klaas Overal, Andries (ûnder foarbehâld), Inne, Enne-Johannes en Marc Hoekstra sille mei as supporters. It is noch efkes ôfwachtsjen as der sneon skorsingen of blessures binne as der mear romte yn de bus komt. Ynmiddels steane Nynke, Baukje en Jan-Friso al op de wachtlist. Sa gau as wy definityf witte as der noch plak is dan heare jim it. SDS giet yn in bus fan 28 man. Der wie net mear in gruttere bus te krijen.
De bus fertrekt Peaskemoandei om 12.30 oere by de Skoalleseize wei nei Bant.

Harsens derby (2002)

No it oere der ôf is stiet de sinne jûns leech mei it trainen. Dit bard dan ek samar………….