Weppers freed 3-11

SDS-League: Pieter en Tom pakke de wykpriis!
2 november 2017
Sneon 4-11-2017
3 november 2017

SDS VR2

Dit team sit yn in freedtejûn 7 tsjin 7 kompetysje en dizze kear ninne de wedstriden yn Boalsert.
sc Bolsward, Oldeboorn en NOK binne de tsjinstanners.
De seleksje:
Aligonda,
Anne, Anneke,
Geartsje,
Jacomien,
Jitske,
Lize,
Marjo,
Petra,
Rajsa,
Sietske

Efkes Balje

Alle freedtejûn is der in edysje fan it Efkes Baljen. Om 19.30 los.

SDS 1

sc Willemsoord is de tsjinstanner moarn. Mei de bus en tal fan supporters  der hinne moat it wol punten opleverje yn dit doarp dat krekt oer de grins fan Fryslân leit. SDS spile ien kear earder in útwedstriid tsjin dizze klup en ferlear doe mei 1-0.  De seleksje:
Arjen Los, Bauke Dijkstra, Elger Turksma, Erik Haitsma, Frank Bervoets,  Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jelmer Posthumus,  Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma en Wiebe Heeres.

Bus nei Willemsoord

De bus nei Willemsoord fertrekt sneon om 12.30 oere by de Skoalleseize. It is in noflik buske foar 28 man fan Vervoersgroep Noord. Ewout, Jacob Klaas, Pieter, Remco, Andries, Klaas, Meinte, Popko, Inne, Lysbeth en bussjauffeur Johan sille SDS 1 nei in oerwinning balte!

SDS 2

Zeerobben 2 is thús de tsjinstanner om 15.00 oere.  Dizze seleksje (13.45 der wêze) treedt oan:
Gertjan Bootsma, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda,  Piter van der Pol, Sjoerd de Vries, Wiebe Vellenga en Jurjen Los

SDS 3

SDS 3 hat ek in thúswedstriid en wol tsjin VVI 3. Om 14.30 steane 11 fan dizze mannen oan de ôftraap:
Dirk Yde Sjaarda, Gerlof-Jan Hofstra, Gertjan Hiemstra, Hans van der Schaar, Harm Stremler, Henk Postma, Ids Boersma, Jan-Simon Jelsma, Klaas van der Weg, Peter Sybesma, Pieter Kamstra, Pieter-Lieuwe van der Valk, Robert Sybesma, Wichard Deinum, Willem Wijnia en Ype Tiemersma.

SDS 4

SDS 4 hat in útwedstriid tichtbij. Scharnegoutum ’70  3 is de tsjinstanner om 14.30 oere.  Ut in seleksje fan 32 man sille dizze 16 it moarn dwaan moatte om 14.30 oere:
Allert Turksma,  Andries Lanting, Doede Sijszeling, Douwe Doede Koopmans, Gert-Jan Hessels, Jelle de Vries, Jelmer Brouwer, Johannes Abma, Klaas-Bouke Faber, Peter Stuiver, Rick Hendriks, Thomas van der Meer, Tseard Verbeek en Wouter Jan Postma

SDS VR1

It meast skoarende seniorenalvetal fan SDS spilet sneon om 12.45 thús.  De froulju fan GAVC binne de tsjinstanners. Dit is de seleksje:
Tarina, Gerry, Janieke, Richtsje, Lysanne, Alissa, Sieta, Hester, Seriette, Tjitske, Sanne, Kirsten, Agnes, Jeska

Standen

At jim noch efkes sjen wolle hoe’t alle teams fan SDS der foar steane yn de kompetysje sjoch dan hjir.

Grut ûnderhâld oan it keunstgers

Juster is der grut ûnderhâld dien oan it keunstgersfjild. De boppeste laach is filterd, skjin sogen en wer te plak lein.

De kaai is wer boppe wetter!!

2 wiken is hy poater west, mar hy is der wer; de kaai fan it fjild efter de sporthal.

SDS-sponserjûn op freed 17 novimber

Foar alle stipers en Freonen fan SDS hâldt SDS freed 17 novimber in sponserjûn mei, dé lêste kulttrainer fan Nederlân, Simon Kistemaker. Graach sa gau as mooglik opjaan fia info@vv-sds.nl!

Boek De Kist

Harsens derby (1942)

Hjir mar wer it bewiis dat fuotbalhooligans net de snoadste lju binne………………..