Weppers freed 21-7

Oefenprogramma SDS 2
19 juli 2017
Kompetysje yndielingen senioren
21 juli 2017

Kompetysje-yndielingen

Wy sitte hjoed fansels mei smart te wachtsjen op de nije kompetysje-yndielingen! As wy mear witte dan kinne jim it hjir lêze!

Lokwinske!

Wytske Vermeulen en Skelte Anema hawwe woansdei in lytse poppe krigen; Fenna Brecht! Wy winskje harren trijen in hiel soad lok en sûnens ta.

Lokwinske! (2)

Ien fan de wepmasters is juster wer in jier útrûn op de oare wepmaster! Fan herte lokwinske noch! Hy is noch altiten gjin sprút feroare! 😉

Afbeeldingsresultaat voor aant hofstra tsjinst

Triathlon yn Wommels

Op freed 15 en sneon 16 septimber is wer de jierlijkse triathlon yn Wommels. Foar de bern is dit op de freeds. It is noch foar it fuotbalseizoen begjint, dus miskien binne der wol wat entousiaste fuotballers dy ’t hjir oan meidwaan wolle. Dan kinne wy op de SDS-side ris sjen wa ’t fan ’t simmer goed op himsels past hat. Wy binne benijd! Sjoch hjir.

WK

Justerjûn wie der op it skopfjild yn Wommels wer in WK. Wy sjogge ut nei alwer in ferslach fan Lourens van der Pol!

Nij sportkompleks yn Warkum

Yn Warkum krije sy in nij sportkompleks. It sjocht der op it earste each net gek út!

Harsens derby (1906)

Om kâns te meitsjen tsjin FC Dordrecht is it miskien in idee om nachts foar de wedstryd it hotel wêr ’t de ‘skieppekoppen’ sliepe efkes op te sykjen. 😉

 

Letter mear!