Weppers freed 20-1-2017

Weppers woansdei 18-1
18 januari 2017
Weppers sneon 21-1
21 januari 2017

SDS JO17-1 oefent

Sneon om 9.45 oere oefent SDS JO17-1 thús tsjin St. Anne JO17-1.

SDS VR1 oefent

Sneon om 12.00 oere oefent SDS VR1 thús tsjin DTD VR1. De seleksje sjocht der sa út:
Alize, Lysanne, Hester, Sieta, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Sanne Rixt, Agnes, Jeska en Janieke.
Om 11.00 der wêze.

SDS 1 oefent

Sneon om 14.30 oere oefent SDS 1 thús tsjin Nijland 1. De folgende spilers wurde om 13.30 oere ferwachte:
Jaap, Bauke, Jacob-Klaas, Elger, Remco, Teun, Wiebe, Pieter, Erik, Lourens, Hendrik, Anne, Feite en Ewout.

SDS-sealtoernoai JO/MO15

De jongens en famkes fan de JO15 en MO15 meie sneon op ‘e nei de seal yn. Sy fuotbalje yn Easterein wer in alderaardichst mikstoernoai. Jou dy noch efkes gau op by dyn leider of trainer en doch ek mei!

Mear opstapkes!

Sneon wurde der meardere opstapkes rûnom it fjild plaatst, sadat je wat makkelijker oer it stek stappe kinne en it hek net beskadigje.

Moai klear mei!

Marco van Basten wol wat regeltsjes feroarje by it fuotbaljen. Neat mis mei fansels, mar it kin al wat konsekwinsjes hawwe foar sommige fuotballers. Sa liket it him wol wat dat de bûtenspulrigel ôfskaft wurdt en dat in spiler maksimaal 5 kear yn in wedstryd in oertreding meitsje mei. Wy tinke dat wedstriden fan Jacob-Klaas Haitsma dan net langer as 10 minuten duorje sille……..

Voormalig

Harsens derby (1822)

De Afrika-Cup stiet garant foar spektakel!

 

 

Letter mear!