Weppers freed 18-5-2018

Weppers tongersdei 17-5-2018
17 mei 2018
Sneon 19-5-2018
18 mei 2018

SDS 1 nei Snits

De Waterpoort Boys 1 binne noch yn it flinke striid ferwikkelen mei QVC 1, om streekrjochte degradaasje foar te kommen. Sneon is SDS 1 de tsjinstanner mei de ûndersteande seleksje. Om 12.45 der wêze en om 13.15 giet de bus fuort.
Jaap Toering, Wiebe Heeres, Erik Haitsma,  Jacob Klaas Haitsma, Frank Bervoets, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong,  Remco Hylkema, Marco Rijpkema, Gerwin Sybesma, Jelmer Posthumus, Peter Hoogerwerf en Luuk van der Schaar.

Bruorrenstriid

Al wer in bruorrenstriid bij it earste. Ferline wike wûn Bauke Dijkstra fan broer Jelte Pieter Dijkstra (Heerenveense Boys). Sneon nimt Marco Rijpkema it wer op tsjin syn broer Stefan fan WPB 1.

WPB – SDS

By Van der Eems binne se al drok dwaande mei de wedstriid fan moarn; WPB 1 – SDS 1. De measte lju by Van der Eems binne fansels foar SDS. Tjalling net!

SDS 2 thús tsjin sc Berlikum 2

SDS 2 hat noch wat punten nedich om seker te wêzen fan in langer ferbliuw yn de Reserve 2e klasse en wol dizze graach moarn pakke. De folgende jongehearen sille om 14.30 oantrede tsjin Berlikum 2:
Gertjan, Anne, Bote, Dirk, Feite, Hendrik, Jesse, Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Sjoerd, Tjeerd en Wiebe.

SDS 3 thús tsjin HJSC 2

Al wer thús en al wer om 14.30 oere. Dat wurdt wer in oerwinning mei dizze mannen:
Ralph, Auke, Gerlof Jan, Gert-Jan, Hans, Harm, Ids, Jeroen, Klaas, Pieter, Robert, Ronny, Tjeerd en Steven Vellinga. Daan flagget.

SDS 4 nei it Fryske Haachje

It fiifde fan Heerenveense Boys twittere al dat se sneon in ûnbekende ploech op besite krigen út Oosterend en dat dy Sterk wiene troch Samenspel. De jonges út Easterein en omkriten dy’t it sjen litte wolle om 14.30 oere binne no bekend:
Johan, Gertjan, Steffen, Andries, Allert, DDK, Sytse, Battie, TRV, Dirk, Pieter, Nils en Arnoud Meijer. Appelboom flagget. 13:15 sammelje @ de skoalleseize

SDS VR1 let op de middei

Ut it Fryske Haachje komme sneon temiddei let de froulju fan Heerenveense Boys 2. Om 16,30 oere kin it los mei dizze seleksje:
Marjo, Tarina, Seriette, Richtje, Hester, Janieke, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Tjitske en Jeska.

1972-1973


Soms sit it mei. Op syk nei doelpuntenmakkers yn it ferline krije wij in prachtich oersicht fan it hiele jier. It is Jelle de Boer, dy’t fan Skrok ferhuze is nei Wommels, dy’t syn fuortstopte spullen opromje moast en in agenda dan 1972-1973 tsjinkaam. Neist syn húswurk en syn ôfspraakjes mei Akke stiene dêr in soad utslaggen en doelpuntenmakkers yn fan komplete teams, wêrûnder SDS 1.  En sa sjogge wij dat Geert Hiemstra yn de earste trije wedstriden fan dat seizoen in hattrick makke, dêrnei hiel lang droech stie en dat yn de 10-0 wedstriid tsjin Gorredyk Siepie Visser 6 kear skoarde…..Dat liket ús in rekord ta.

Harsens derby (2025)

Toet, toet!!