Weppers freed 12-1-2018

SDS VR.1 op it OFK

SDS Vr.1 moast der efkes yn komme op it OFK yn Frjentsjer. Sy sieten yn in drege poule en mochten lyk tsjin Heerenveense Boys en ferlearen kansleas mei 6-0. Dit hienen de froulju efkes nedich. Yn de wedstriden dêrnei tsjin Leeuwarder Zwaluwen en Broekster Boys bleaun it lang 0-0. De wedstriden gienen wol beide krekt ferlern, mar it jôch al in goed gefoel. FFS kaam net opdagen, dus dat waard in kreaze 3-0 oerwinning. De lêste wedstryd wie tsjin Eredivionist Nieuw-Roden en waard net ûnfertsjinstlijk mei 2-0 ferlern. Nieuw-Roden wûn 2 jier werom noch it OFK.
De froulju hawwe gelokkich in soad wille hân en hooplik treffe sy folgend jier ris wat makkelijre tsjinstanners.

SDS seal sneon yn de finales fan it OFK

SDS seal komt moarn yn aksje yn Frjentsjer op it de finales fan it Iepen Frysk Kampioenskip (OFK). Sy komme op ‘e nij yn in poule en der geane twa ploegen oer nei de finaleronde. Foar SDS seal fuotbalje Jaap, Anne (komt wat letter), Tsjipke, Wichard, Erik, Bote, Matthijs en Willem. Feite, Peter en Robert binne blesseard.

tijd thuis uit uitslag
09:30 v.v. S.D.S. Futsal Hoogeveen
09:30 v.v. Workum Futsal Frisia
11:12 v.v. Workum v.v. S.D.S.
11:12 Futsal Frisia Futsal Hoogeveen
12:54 v.v. S.D.S. Futsal Frisia
12:54 Futsal Hoogeveen v.v. Workum

De tsjinstanners fan SDS yn de finales fan it OFK (oanpast)

Futsal Hoogeveen spilet yn de Haadklasse. Sy steane yn de kompetysje twadde lyk efter……. Waterpoort Boys seal. Futsal Frisia spilet yn deselde klasse en stiet op dit momint yn de middenmoat. Krooster Boys komt út Zeist en spilet yn de 1e-Klasse. Sy soenen komme, mar hawwe ôfsein. Workum komt no yn de plak fan Krooster Boys.

De sealsjurts

Der moast fannewike snel wosken en drûge wurde. De sealsjurts fan Wheagan waarden moandei droegen op it OFK en moasten woansdei wer oan yn de kompetysje. No hingje se te drûgjen sadat se moarn op de finales fan it OFK ek wer droegen wurde kinne.

De seal yn!

SDS 4 is troffen troch it sealfuotbalfirus en sil kommende woansdei 17 jannewaris op ‘e nij de seal yn. Sy sille fuotbalje fanôf 21.00 oere. Fuotballers fan SDS 3 binne ek wolkom fansels!

Kompetysje: SDS 1 seal ûnderút

De kompetysjesealfuotballers fan SDS hienen woansdei yn Snits in off-day. Sy ferlearen mei 7-3 fan Black Boys 2. It wie de wedstryd fan de ‘Pieters de Vries’. Wommelser Pieter de Vries klapte troch syn ankel en moast blesseard it fjild ferlitte. Snitser Pieter de Vries skoorde twa kear foar SDS yn syn wenplak. Johan Delfsma fuotballe ek net sa ’n gelokkige wedstryd. Hy makke al in goal, mar yn de lêste minút fan de wedstryd fleach yn in sprint syn insulinepompke fan syn bil hast de goal yn. Hy hie net in reserve-insulinepompke by him, wat betsjutte dat it yn de tredde helte by in gleske wetter bliuwe moast……

Harsens derby (1970)

Net fierder fertelle, mar SDS seal hat spesjaal foar it OFK de hiele wike oefene op frije trappen.

 

Letter mear!