Weppers freed 11-5-2018

SDS-League: ‘De 11 van Delf’ pakt de titel!
10 mei 2018
Sneon 12-5-2018
11 mei 2018

Lytse poppe!

Akke-Rixt Zijsling en Pieter Kamstra hawwe in ‘lytse’ poppe krigen! Woansdei 9 maaie is Akke-Rixt om 14.52 oere befallen fan Benthe. Benthe weage 4400 gram en is 53 sentimeter grut en makket it goed. Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhhuhuhuhhh!!!

Redmer is wiis mei syn ‘lytse’ suske Benthe

SDS VR1 wint

Woansdeitejûn spile SDS VR1  in thúswedstriid tsjin VV Heerenveen VR2. Oanfuld mei twa spylsters fan MO17-1 waard in 4-1 oerwinning helle.
minút  5: Moai kombinaasjespul en Tjitske makket de 1-0
minút 32: Tjitske makke de 2-0
minút 34: nei in moaie assist fan Hester makket Tjitske de 3-0
ek kânsen foar H’veen, mar top ferdigeningswurk fan Geeske, Janieke, Richtsje en Gerry
minút 50: Agnes skoart
moaie rêding keepster Marjo fan SDS
minút 70: vv Heerenveen komt op 4-1

SDS VR1 yn heale finale beker


Om 12.00 giet it dus los. SDS VR1 spilet de heale finale yn de beker tsjin ST. NKVV/Germanicus/CSVC Vr.1.
NKVV (Nieuwe Krimse Voetbalvereniging) komt út Dalen
Germanicus komt út Coevorden
CSVC ( Christelijke Sportvereniging Coevorden) komt út Coevorden
De froulju rekkenje op it protte taskôgers. Dan mar in kear wat earder of letter ite Phillipus!

SDS 1- Heerenveense Boys 1

Om 14.30 komt SDS 1 yn aksje tsjin Heerenveense Boys VR1. In wichtich potsje, seker foar SDS, dat noch graach in moaie oerwinning helje om heielndal wis te wêzen fan gjin degradaasjefuotbal.
Dizze seleksje sil it dwaan moatte en steane moarn fit en skerp yn it fjild of earst op de bank:
Jaap Toering, Wiebe Heeres, Erik Haitsma,  Frank Bervoets, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong,  Lourens van der Pol, Matthijs Postma,  Remco Hylkema, Gerwin Sybesma, Feite de Haan, Wierd Hofstra en Luuk van der Schaar.

SDS 2

Om 12.30 wurdt Makkum 2 – SDS 2 spile. Graach 11.00 oere oanwêzich:
De seleksje: 1 Gertjan 2 Wiebe 3 Jesse 4 Bote 5 jort 6 Tjeerd 7 Ralph 8 Hendrik 9 Dirk 10 Anne 11 Arjen 12 Sjoerd 13 Henk P
De riders: Ralph, Jesse, Wiebe en Jeroen.

SDS 3

Tagelyk mei SDS 1 op fjild 2 spilet SDS 3 tsjin Makkum 3.
De seleksje: Klaas, Harm Auke, Auke, Dirk Yde, Gerlof, Gert Jan, Hans, Ids, Jan Simon, Wichard, Willem en noch twa ferassingen.

SDS 4

Om 12.30 op fjild 2 spilet SDS 4 tsjin sc Joure 6. De diels kodearde seleksje sjocht er sa út.
Johan, Igor, Andries, Eeltje, Steffen, Peter, Rick, Tseard, Kb, DD, Doede S, Thomas en Gertjan.

Goed idee!

Min waar is moarn gjin goed eksús om net efkes by de froulju fan Vr.1 te sjen!

Harsens derby (2023)

Wat in technyk!

 

Daliks miskien wol mear!