Weppers freed 1-12-2017

SDS-League: De wykpriis wurdt dield!
30 november 2017
Sneon 2-12-2017
1 december 2017

Bliid

Gert-Jan Hiemstra is bliid. Hij hat in flagger fûn foar de wedstriid fan MO17-1 yn Aldehaske.

SDS 1 ferlear thús noch nea fan NOK…..

Snoen om 15.00 oere komt de Nijemardum  (A)ldemardum Kombinatie nei  Easterein foar in potsje fuotbal tsjin SDS 1.  Yn it ferline behelle resultaten garandeare neat, mar wij stelle fêst dat NOK 1 noch nea wûn yn Easterein. Dat wolle wij graach sa hâlde.
Arjen Los, Bauke Dijkstra,  Elger Turksma, Erik Haitsma, Frank Bervoets,  Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jacob Klaas Haitsma, Lourens van der Pol,  Marco Rijpkema, Matthijs Postma, Wiebe Heeres en Gertjan Bootsma.

Oftraap troch Habtamu?

Soe Habtamu de Hoop sneon de ôftraap ek dwaan bij SDS 1- NOK 1 krekt as hij dat dizze wike bij DeWrâldDraaitTroch die? Sjoch hjir

Pakt SDS 2 it wer op tsjin Berlkum 2?

Berlikum 2 hat 5 punten en SDS 2 hat 12. At dat wat seit sille wij sneontemiddei om in oere as 14.30 witte.  Om 12.45 yn Berltsum treedt SDS 2 oan mei dizze seleksje, dy’t om 11.15 fuort giet:
Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda,  Jurjen Los, Marten Faber, Piter van der Pol, Sjoerd de Vries en Wiebe Vellenga.
Riders: Boudewijn, Bote, Dirk, Marten.

SDS 2 hat Sinteklaas op besite hân!

Sinteklaas hat justerjûn op besite west by SDS 2 en dat wie in grut súkses. Gedichten oer fuotbalkwaliteiten, de voetbalmaffia, wiskunde, froulju en fan alles en noch wat gienen der yn as pipernúten en trainer Boudewijn Kramer koe tefreden wêze, want Jesse hoefde net mei yn de sek nei Spanje!

Is it tafal dat SDS 3 rûn Sinteklaas frij hat?

De KNVB hat it goed foar mei SDS 3. Of hat er immen goeie kontakten mei dy Spanjaard.? Se hawwe wer frij dit wykein. Se kinne gewoan Sinteklaas ynkeapen dwaan.

SDS 4 thús… altyd lestich!

It wurdt tiid foar in oerwinning, seine de mannen fan SDS 4 dizze wike.  Tsjin Heerenveense Boys soe dat kinne moatte. Om 13.45 in de kantine der wêze en om 14.30 fuotbalje yn Easterein.
Allert, Andries, Broer Jacob, Igor, Doede, Doede Douwe, Gert Jan, Jelle, Jelmer, Johan, Jorrit, Klaas Bouke, Peter, Rick, Ruun, Steffen Sytse, Thomas, Tseard en Wietse.

Is SDS VR1 klear foar de topper?

Hast alle ploegen yn de klasse bij SDS VR1 steane op earbiedige ôfstân. Utsein Heerenveense Boys 2, dy geane gelyk op mei SDS VR1. Sneon it treffen yn Hearrenfean om 14.00 oere.
Tarina, Gerry, Lysanne, Richtsje, Geeske, Alissa, Sieta, Hester, Seriette, Tjitske, Sanne, Kirsten en Agnes.
Flagger: Bertus

Zullen de toppers de punten thuis houden!

Zaterdag de laatste thuiswedstrijd en hopelijk krijgen de supporters geen spijt.
Ze hopen dat de toppers van SDS JO 10-1 punten pakken waardoor ze harder na afloop zullen gaan klappen.
Buitenpost is de laatste tegenstander in de 1e klasse van de najaarscompetitie en dan staat er na de wedstrijd

in het boek van Sinterklaas een mooie rangpositie! …
Met dit mooie resultaat is ook de 1e klas voorjaarscompetitie zeker waard.

Zaterdag eerst om 08.30 uur in de box dan gaan Herman , Tygo , Sibrand , Wiebren , Daniel , Jegor , Geert Jan en Noor om 09.00 uur losssssssss.

Groet Piet de Leider.

 

Programma sneon

Bij “wedstriden” yn it menu hjirboppe kinne jim it programma altiten sjen

Efkes Balje

Moandei waskdei, woansdei gehakdei en freed Efkesbalje dei.   Om 19.30 yn Easterein op it prachtige keunstgersfjild.

Sinteklaasynkeapen

Je kinne je Sinteklaas-ynkeapen ek noch altiten by Douwe-Dirk Reitsma dwaan. Hy hat allegear SDS-klean op foarried. Der sit fêst wat foar je by. Syn tillefoannûmer is 0515-332500. Hjir kinne je sjen wat der allegear te krijen is.

Harsens derby (1955)

Dy Rooney begjint yniens te fuotbaljen no’t Ronald Koeman fuort is by Everton……..