Weppers 3-1-2018

SDS-FIFA-18-toernoai
2 januari 2018
Prachtich SDS-FIFA-18-toernoai
4 januari 2018

SDS MO17 net troch nei de finales, mar..

Vanmiddag zijn we met de MO17 naar Harlingen geweest voor twee wedstrijden die zouden bepalen wie er 6 januari naar de finale gaat. Onze eerste wedstrijd tegen Balk ging enigszins geflatteerd maar wel terecht met 4-1 verloren. De tweede wedstrijd tegen een sterk Blauw-Wit verloren we met 3-0.
Geen finale, maar super knap dat ze deze ronde hebben gehaald.
Gert-Jan Hiemstra

OFK

Tongersdei begjint wer it jierlijkse Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen yn Frjentsjer. De teams fan SDS hoefe pas nije wike los. Moandeis SDS seal 1, tiisdeis SDS 1 fjild en tongersdeis SDS Vr.1. Yn de aginda kinne jim de lotting sjen. Hjir is de webside fan it OFK.

Nije kompetysje-yndielingen

By de KNVB binne sy drok dwaande mei de nije kompetysje-yndielingen. As alles goed giet dan wurde dy op freed 12 jannewaris bekend makke. De wedstrydprogramma’s folgje dan op 24 jannewaris en op sneon 24 febrewaris giet de jeugd dan wer los.

Gjin Treffer?

Mocht it no sa wêze dat je gjin Treffer krigen hawwe, mar der wol rjocht op hawwe lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl!

Fotoboek fuort?

Mei it jubileum fan SDS 50 jier yn 1997 hat Bauke de Boer in hiel soad foto’s makke en dit nei de tiid yn in prachtich fotoboek plakt. No is it sa dat dit boek al inkelde jierren net mear te finen is. It giet om in read fotoboek. Wa ’t wit wêr it is mei maile nei info@vv-sds.nl!

Kantine opknappe

Der wurdt op it heden drok wurke oan it opknappen fan de kantine. It is noch net hielendal klear, mar sneon op de nijjierssit kinne jim alfêst sjen hoe ’t it wurden is. En hjir ek alfêst in lyts bytsje.

17

Napoli slúte syn lêste wedstryd fan 2017 wol hiel bysûnder ôf. Sa skoorde Hamsik tsjin Crotone mei rêchnûmer 17 yn de 17e minút syn 117e en dêrmei winnende goal foar Napoli wat sa winterkampioen 2017 waard. Oh ja. Crotone stiet dield 17e……

Harsens derby (1969)

Sjoerd Mossou wol yn 2018 graach mear scrimmages. Dat is miskien net sa gek: