Weppers freed 23-9

Seleksjes sneon 24-9
22 september 2016
It ljocht op sneon 24-9
24 september 2016

SDS-League

Wy kinne hast wer los mei de nije SDS-League. Wa wurdt de 48e winner fan de SDS League? Jim kinne je nije team noch ynleverje oan’t moarn 19.00 oere. Net ferjitte dus! Der lizze moarn ek noch wol wat formulieren yn de kantine en oars kinne jim de nije spilerslist hjir fine.

SDS 1

Sij spylje tsjin Griffioen en dy komme út Easterwâlde. Miskien sat sommigen noch witte dat se der earder tsjin fuotballe ha. Yn it seizoen 1989-1990 siet SDS 1 yn 4A en ferlear thús fan Griffioen mei 3-0. SDS einige dat jier as 12-de (se wûnen mar trije kear en spilen trije kear gelyk) en spilen it jier dêrnei yn de FVB 1A.

SDS 1  út de âlde doaze

griffioen

Pupillen fan de wike

Bij SDS 1 binne der altiten pupillen fan de wike. Dizze kear twa jonges út JO11-4 te witten Sytze Bouma en Pieter Wiersma.

Sponsoren fan de wedstriid

Ek moai dat er altiten in twatal wedstriidsponsoren binne. Sneon binne dat Couperus Hydrauliek BV en Rein Hofstee.

Net fuotbalje?

Mochten de froulju fan SDS Vr.1 moarn mei 11-0 winne fan St Aengwirden/Akkrum VR1 dan spylje sy nije wike net 😉 (sjoch hjir).

Graach op tiid!

Gert Jan Hiemstra, leider en trainer fan MO15-1, wol net dat de froulju sneon te let yn ‘e box komme 😉

appgert-janmo15

Traine

jo-17-2

Op it noch altyd griene gers trainde SDS JO17-2 ûnder lieding fan Tsjipke Klaas Okkema.

Foto’s B-fjild

Wie heeft er nog foto;s van renovatie B-veld? Of weet iemand die foto’s van renovatie B-veld gemaakt heeft?
Graag vandaag sturen naar sjoukjevdeems@hotmail.nl
Groetnis,

Sjoukje van der Eems-Hijlkema
Stichting Skoalleseize

Harsens derby (1763)

Is dy Zivkovic no sa rap of dy ferdediger sa sleau?