Tige slagge nijjiersfeest

Mear as 60 fuotballers. 12 klaverjassers, in stik as 15 rinners en moai wat belangstellenden soargen der foar dat it in moai, noflik en drok nijjiersfeest waard. Foar fjouweren wie der foaral beweging fan de bal , de fuotten en de hannen en nei  fjouweren wie it tige drok yn de flink opkreaze kantine.  Mei muzyk fan Jan Nota en in hapke en in snapke waard it in gesellige boel.

De rinners

Sij kuierden de acht fan Easterein, dat wol sizze Skrok om en de Pôle om. It wie noflik rinnerswaar en neffens Daan Boersma wie it in gesellige tocht en krije je seker toarst fan rinnen.

De kaarters


Der wiene trije tafels wêr’t 12 klaverjassers besochten de priis te winnen. Boudewijn Kramer mocht bij de priisútrikking as earste nei foaren komme mar dat wie fanwege de poedelpriis. Wilco Overal mocht de twadde priis yn ûntfangst nimme en de heechste eare wie foar ien fan de jongste dielnimmers Tjeerd de Vries (Fraach: hat klaverjassen dan dochs noch in takomst?)

It fuotbal

8 ploegen fan sa’n 8 spilers mochten fia trije wedstriden besykje de heale finales te heljen. PSV, Feyenoord, Ajax en Utrecht hellen de finale en doe moasten twa ploegen besykje twa sterke keepende doelmannen (Gert-Jan Hiemstra en Pieter Sytsma)  te passearen. dat slagge net, dus moasten strafskoppen de beslissing bringe.  Beide ploegen skoarden de earste twa en doe……

mocht Pieter op Gert-Jan sjitte en hij skeat rekke

…en doe mocht Gert-Jan op Pieter sjitte en hij miste…..

Noch wat foto’s fan it fuotbaljen

In ferwarde supporter of in skiedsrjochter?

Jacob-Klaas hat gjin muoite mei strafskoppen

Syn broer Erik ek net trouwens

en Hofstra’s steane bekend om harren trapfêstens