Sneon 22-4-2017

Weppers freed 21-4-2017
21 april 2017
Weppers snein 23-4-2017
23 april 2017

9:00 SDS JO11-1 – Blauw Wit ’34 JO11-3  4-4
9:00 SDS JO11-4 – LAC Frisia 1883 JO11-14d  3-6
9:45 SDS JO17-1 – SJO Oudega/HJSC/Heeg JO17-1  2-4
10:15 SDS JO9-3 – AVC JO9-2  5-11
11:10 SDS JO13-2d – Makkum JO13-2d  7-1
11:30 Keepersdag – Keepersdag
12:40 SDS JO17-2d – Leovardia JO17-4  5-6
14:30 SDS 4 – Joure SC 6  7-0
10:00 Frisia JO15-2 – SDS JO15-1  3-1
10:30 Buitenpost MO15-1d – SDS MO15-1d  0-0
14:30 NOK 1 – SDS 1  0-0

Keepersmiddei


Der wiene hjoed mar in oantal wedstriden fanwege it begjin fan de maaie (?) fakânsje. Wol wie der hjoed de SDS keepersmiddei. Letter fêst mear dêr oer, want it like wol hiel

NOK 1 – SDS 1        0-0

SDS 1 fertsjinne hjoed yn Aldemardum wol 3 punten, mar slagge der net yn om in goal te meitsjen. Der waard wat wyld mei de kansen omsprongen en úteinlik moast Jaap yn it lêst ek noch twa kear flink oan de bak om in tsjingoal te foarkommen. Wol better fuotballe as NOK, mar dat levert spitich genôch gjin bonuspunten op. Ewout krige yn it lêst noch twa giele kaarten en moast fan it fjild ôf.
Om ’t Bant lykspile hat is SDS op doelsaldo in plakje omheech gien. Om ’t WPB ferlear by Willemsoord is SDS hjir in puntsje op út rûn, mar SVM is ferfelend genôch al twa punten tichter bij kaam. Kommende sneon spilet SDS 1 thús tsjin Workum 1. Kom allegear om SDS 1 oan in oerwinning te helpen.

SDS 4 – sc Joure 6      7-0

Der sil noch ûndersyk dien wurde nei de impulsen dy’t SDS 4 yn it skoft krigen hat. Hiene sij noch Heger taart oer fan ferline wike? Feit is wol dat it 0-0 wie bij it skoft en foardat de fêste Skoalleseize supporters (Theo, Klaas, Andries, Lolke, Willem) te plak sieten wie it al 1-0. It waard 7-0 mei mooglikheden op in hiel soad mear. Sa skoorde Gert-Jan Hessels twa kear, mar stie der bûtenspul. De goals dy ’t al telden waarden makke troch Jelte Hitzert (2x), Ruun, Jorrit, Martijn, Rick Hendriks en Eeltje dy in penalty makke:

Frisia JO15-2 – SDS JO15-1       3 – 1

Nei it wat sneue ferlies fan ferline wike en de wike derfoar moasten der hjoed wol wer ris punten pakte wurde. Hast eltsenien kin in dizze kompetysje fan eltsenien winne, dus werom soe it hjoed dan net   kinne ? Moar dan moat wol eltsenien skerp weze en dan wiene wy no krekt net. Frisia wie dit wol, mar de earste hiele grut kans wie foar us. Stan koe spitich genoch de bal net goed kontrolearje en sa bleauwde it 0 – 0. Frisia wie skerp yn de duels en der hiene wy nogal wat muoite mei. We kamen net echt oan it fuotbaljen ta en brukten tefolle de lange bal. De earste helte gie lyk op. Jeffrey hie nog in beste redding en sa giene we mei 0 – 0 de rest  yn. De twadde helte, nei wat omsettingen, begong foar us dramatisch. Yn minder dan 10 minuten stie it al 2 – 0 foar Frisia. Dochs krigen we in stik of fiif 100% kansen. Stan wist derfan 1 te meitsjen. Krekt foar tiid makket Frisia mei in geweldich skot de 3 – 1.               Terjochte utslach ?  Ik bin fan miening dat der mear yn siet hjoed. Mar it untbrekt us oan skerpte en ferskeidene jongens ha hjir en der lest.  It is dan ek in lang seizoen en troch de dochs wol smelle seleksje, brekt dat us no wat op. We moatte no noch 4 wedstriiden en dit sille allegeare hiel drege potsjes wurde. Nye wike thus tsjin de koprinner. We sille der wer alles oan dwaan om in goed resultaat del te setten.
Theo.