Sneon 22-10

Weppers freed 21-10
21 oktober 2016
Weppers snein 23-10
23 oktober 2016

It programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei en moarn fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside. Leuke en nijsgjirrige saken, wedstriidferslagen en in fotootsje kinne maild wurde nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl.

Beker: FVC 1 – SDS 1

It bekerseizoen foar SDS 1 sit der op. SDS 1 ferlear juster mei 5-0 fan 1e-Klasser FVC. Fansels wie FVC better yn de earste helte, mar SDS die it hielendal net gek. It waard nei sa ’n 10 minuten 1-0, mar SDS fuotballe hieltiten better mei en krige wat lytse kanskes. 1 minút foar de rêst wie de wedstryd dien. In kopgoal fan FVC koe krekt foarkommen wurde troch Jacob-Klaas troch de bal mei syn boppe-earm út de goal te hâlden. In giele kaart en in strafskop hie folstien, mar de skiedsrjochter stjoerde Jacob út it fjild. De strafskop waard efter Gert-Jan Bootsma sketten. Yn de twadde helte wie it doel allinnich noch om de skea sa lyts mooglik te hâlden. Jaap Toering stie de twadde helte op goal, mar koe ek net foarkomme dat FVC yn de twadde helte yn de mist útrûn nei 5-0.

SDS VR1 – ONS VR 2    6-1

SDSvr1 spile hjoed tsjin ONS Vr2.  Om 12:30 wie de ôftraap en om 12:31 stiet it al 0-1 foar ONS. SDS begon slecht oan de wedstriid, seach wat ta hoe ONS fuotbalde, dat diene se dan ek hartstikke goed. De earste goal wie gewoon slap verdedige troch SDS.
Nei 10 minuten begûn SDS dan ek eindelijk te fuotballen, de wil om te winnen waard sichtber, de strijd waard levere en mei it hele team ha we striden foar de winst. Mark hie foar de wedstriid al verteld dat we earste soene stean as we  winne soene, dit motiveerde ús natuurlijk ekstra om alles op alles te zetten. De lykmaker waard makke troch Tjitske, twa keer een geweldige kopbal van Amarins ut een corner van Jeska, Sieta makke nog een mooie goal fanôf de 16 in it hoekje van de goal en ek Tjitske soarge foar nog 2 goaltjes. 6-1 winst foar SDSvr1 troch goed spul fan it hele team! Mooie wedstriid om nei te sjen, der waard fuotballe en strijden foar de winst werbij SDS de meeste kansen hie en it meeste balbezit. Een verdiende 6-1 winst.

 SDS 3 – AVC 3

SDS 3 pakte juster knap 3 punten tsjin AVC 3. SDS wûn mei 5-2 troch goals fan Wietse (2x), Robert, Harm-Auke en Henk. Man fan de wedstryd wie neffens de leider fan SDS 3 de efterste man, Wichard Deinum.

SDS 4 – NOK 3 2-1

SDS 4 wie wol wer ris oan in oerwinning ta en pakte dy juster. Sy wûnen mei 2-1 fan NOK 3. De doelpunten wiene fan Eeltje Postma

 SDS JO15-1 – GAVC JO15-1    :   2  – 3

De stikjes moatte fansels wol leuk bliuiwe en kinne net else wike itselfde beginne. Dochs untkom ik der hjoed wer net oan. Yn minder dan 10 minuten alwer tsjin in efterstan oansjen. Dochs wie de 1e 100% kans foar us, mar dizze wurde net fersulvere. By de earste de beste  oanfal oan de oare kant wie it wol raak. De earste helte binne we de bettere ploeg en krije ek aardiche kansen, mar de bal wol der net yn, ek mei troch de prima goalie fan GAVC. We krije in leske yn effectiviteit want by de 2e kans fan GAVC leit de bal der al wer yn, 0 – 2. We kinne wer mei us gebrukelike ynhelrace beginne. We fuotbalje best wol aardich en de oanslutingstreffer kin dan ek net utbliuwe. Dizze treffer komt noch foar rest. In prima utspyle oanfal wurd ofronden troch Stan. Ek de twadde helte binne we better. Hielendal fertsjinne wurd it 2 -2 troch Stan, alwer nei in moaie oanfal. Sit der noch mear yn, it like in eltst gefal wol sa. Mar dan makket Wiltsje in hiele lichte oertreding. De fierder goed fluitsjende skiedsrjochter leit de bal op de stip. It kadootsje wurd fersulvere troch GAVC en de rapporteur fan de skiedsrjochter kin in kritische notysje meitsje. Mar ja, wer op efterstan. It wurd wat unfreonlik fan de kant fan GAVC en yn de einfase fan de wedstriid krije se noch 2 reade kaarten. Alles op alles dus om de lykmakker te meitsjen. GAVC wurd hielendal festsetten en de lykmakker hinget yn e loft. Mar de keeper fan GAVC is yn foarm en lit neat mear troch. Skande, want in lykspul hie der minimaal ynsitten en einliks noch wol mear. Yn elts gefal wie it stikken better as ferline wike. At we sa troch gean, komme de punten fansels. Dat moat nye wike dan mar, thus tsjin Workum JO15-1.
Theo.

SDS JO9-1 wint met dubbele cijfers.

Het is zaterdag 22-10-2016 de coach had geen vrije dag in geroosterd voor The Boys.
The Boys hadden een oefenwedstrijd tegen Oeverzwaluwen JO9-1 thuis in Easterein.
De scheidsrechter was Gerwin Sijbesma die keurig op tijd aanwezig was en floot voor het begin van de wedstrijd.
The Boys gingen gelijk de afspraken na, bij bal verlies druk op de bal en de ruimtes opzoeken en het belangrijkste plezier!
Het ging nog wat stroef in het begin maar uiteindelijk maakte Henk Jan de 1-0 mede omdat hij door zette.
De 2-0 werd gescoord door Evan die van 6 meter afstand schoot.
Maar het 3e doelpunt van Wiebren wat een prachtig doelpunt van 15 meter over de keeper in het doel goalllllllllll zou commentator Sierd de Vos schreeuwen.
Daarop floot de prima leidende scheidsrechter voor de rust.
Kon ik in de rust nog wat mee geven aan The Boys, jazeker, heel veel plezier en ga zo door.

De 2e Helft werd voor 1 team niet leuk, voor Oeverzwaluwen en voor onze eigen keeper Herman die er bijna bij kon gaan zitten.
Want het werd eenrichtings verkeer de 2e helft, was het Barcelona of Real Madrid nee het waren onze eigen Boys die tikkie takkie gingen spelen. De aanvallen werden mooiere en mooier
4-0 Sibrand 5-0 Sibrand 6-0 Henk Jan 7-0 Daniel met een mooie omhaal op een voorzet van Wiebren. Het publiek begon zelfs 10 10 10 te roepen nou het werd zelfs 11-0 met goals van 2x Wiebren , 1x Sibrand , 1x Evan nog.
Kortom de harde kern werd dik getrakteerd op een mooi potje van The Boys!

Groetjes jullie zeer tevreden coach
Foppe de Haan (Herr Vinke)

 Efkes Balje 2Punt0

Mei tank oan de God fan de rein, wie it juster better dat de Efkes Ballers in nij haadstik bijskriuwe koene yn harren ôfleveringen. Suver wat offisjeel, waard it stek nei it keunstgersfjild fan slot dien troch Ferrie en ûnwennich as in berghennenmus op de Maasvlakte stapten de Efkes Ballers it fjild op. Unwennich waard socht nei de goeie loop, nei it goeie gefoel.
Neidat Folkert Rients fakkundich de hesjes útrikt hie oan de 6, mochten de 7 ôftraapje. It bettere gefoel wie der al hiel gau en it gie dat it slydjage. Foaral mei ploechje 6, dy rûnen it út 4-1. It is wenne op keunstgers en it piipte en kreake hjir en dêr bij wat spieren en bonken en gewrichten.
Theo foel út bij ploechje 7 en syn ploechgenoaten tochten no moatte wij in stapke mear, in stapke hurder en in tipke ferstanniger.
Ploechje 6 kaam der te let efter wat er barde bij de tsjinstanner en it waarden pas wekker doe’t it 5-4 efter stie. It waard spannend mei 5-5 en doe’t de klok fan Easterein ien kear sloech wie it dat noch altiten. Trije sekonden trochspylje litte waard ploechje foarhinne 7 fataal. Herr Finke skoarde de 6-5….dúdlik  bûtenspul yn it kwadraat mar wêr is de skeids at jim nedich ha…..
De finale (twa winnende goals) soe lang duorje en dat wie dúdlik de skuld fan Wouter Hylkema. Syn ploech kaam mei 1-0 foar mar hij rôp iets te faak bij in misser “moai, dan hoege wij noch net op te hâlden”. It waard 1-1 en doe kaam it der dochs op oan. Uteinlik wûnen de mannen fan ploechje 6 nei in moaie oanfal mei in assist fan Sipke en de winnende fan Foeke Jan…
Nei ôfrin wie der alle lof foar it fjild, foar de hesje-útdieler en foar ir waar. Sommige lichamen tochten dêr (tydlik) efkes oars oer.
Ploech 6: Johan, Foeke Jan, Harry, Wouter, Dennis, Sipke
Ploech 7: Theo, Ferry, Folkert Rients, Frank, Chiel, Menno, Aant