Sneon 19-5-2018

Weppers freed 18-5-2018
18 mei 2018
SDS-slotjûn op 26 maaie nei SDS 1-TOP 1. Jou je op foar de barbecue!
20 mei 2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582.

09:00 SDS JO13-1 S.F. Deinum JO13-1  0-11
09:00 SDS JO11-1 Zeerobben JO11-4  13-1
09:00 SDS JO11-2 LSC 1890 JO11-5  2-3
09:00 SDS JO9-2 Stormvogels’64 JO9-1G
10:15 ST SDS/Nijland JO15-3 Terschelling JO15-1G  4-2
10:15 SDS JO10-2 VSV’31 JO10-1G  3-11
10:15 SDS JO9-1 Blauw Wit ’34 JO9-1
11:45 SDS MO15-1 MKV’29 MO15-1  2-2
12:10 SDS MO17-1 Sweach De MO17-1  0-2
14:30 SDS 2 SC Berlikum 2  3-4
14:30 SDS 3 HJSC 2  3-1
16:30 SDS VR1 Heerenveense Boys VR2  4-2
08:30 TOP’63 JO15-1 ST SDS/Nijland JO15-1  6-2
08:45 Franeker SC JO8-3 SDS JO8-1
09:00 SJO DFC JO17-2d SDS JO17-2  1-1
11:00 Urk JO17-2 SDS JO17-1  4-1
11:30 SWZ Boso Sneek JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-2
14:30 Waterpoort Boys 1 SDS 1  1-0
14:30 Heerenveense Boys 5 SDS 4  2-2

SDS lit it wat sitte bij WPB

1-0 ferlies, it wie ûnnedich yn in wedstriid dy’t  ynearsten folslein ûnder kontrôle wie en wêrbij je ferwachten dat SDS oan it langste ein lûke soe. De earste helte hie in soad fan in flipperkast. It fleach al kanten út en de bal koe mei muoite in oantal kearen troch de selde kleur trochspile wurde. SDS krige de bêste kâns: Remco Hylkema kaam nei in moaie pass hielendal frij foar de doelman, hie tiid om nei te tinken wat er dwaan koe mar hij stuitte op doelman Steven Rijpkema.
Dy efternamme (en dan Marco fan foaren) spile yn de twadde helte in negative haadrol. In op it each maklik duel (3 koppen grutter as de tsjinstanner) waard te maklik ôfdien en resultearre yn in oertreding binne de 16.

WPB mocht in strafskop nimme en dat betsjutte 1-0.

Der wie noch 30 minuten te gean mar de trije grutte kânsen troffen gjin doel. Hendrik syn hurde skot waard keard troch de doelman, Marco syn kopbal gong tsjin de bûtenkant peal en

Erik syn frije traap levere net mear as in korner op.

Doe’t in opsichtige handsbal op de doelline fan WPB net sjoen waard troch de skiedsrjochter en al dy korners neat opleverden, ek net nei hast 10 minten ekstra spyltiid , wisten de talrike SDS supporters genôch. It wurdt him hjoed net en it seizoen krijt gjin toetje.

SDS VR1 ferliest fan kampioen

Heerenveense Boys VR2 koe kampioen wurde yn Easterein en dat barde. In 2-4 oerwinning. Doelpunten fan SDS fan Janieke Dijkstra (kopbal) en Tjitske Heeres

SDS 2 lit Berlikum 2 mei de punten fuortgean

Sûnt de koch fan SDS wat oan it oeren is op syn motor, hapert it moterke fan SDS 2. Tsjin leechfleaner Berlikum 2 waard it 3-4. Doelpunten Anne Stenekes, Arjen Los en Tjeerd de Vries

SDS 3 nei reguliere oerwinning tsjin HJSC 2

Doelpunten fan Gerlof Jan Hofstra (2) en Pieter Kamstra

Heerenveense Boys 5 – SDS 4

Yn it Hearrenfean binne de taskôgers dit jier net echt ferwend bij it “grutte” sc Heerenveen.
Wa’t juster bij Heerenveense Boys 5 – SDS 4 west hat, kin fêstselle dat al dat lijen fan in hiel seizoen yn ien wedstriid goed makke is.
De twa geweldige doelpunten fan SDS 4 wiene om te smullen:  De iene wie fan Johan Postma en de oare dy’t hast noch moaier wie, kaam fan de foet fan Allert Turksma.
Einstân 2-2 en foar de dúdlikheid: se steane net iepen foar in oergong.

SDS MO15-1 – MKV MO15-1

Een wedstrijdverslag is eigenlijk niet nodig: er stond zoveel publiek langs de lijn dat iedereen al weet wat er gebeurd is op het veld! Voor de paar mensen die er niet bij waren, toch nog even de hoogtepunten van de laatste thuiswedstrijd van de meiden van SDS MO15-1.

Eerste helft:

7e minuut: MKV schiet op de lat

11e minuut: Larissa schiet net over

12e minuut: Renske maakt 1-0 na een assist van Larissa

15e minuut: MKV schiet weer op de lat

16e minuut: Nynke schiet op de paal

22e minuut: MKV heeft een open kans, maar schiet net naast

25e minuut: MKV krijgt een corner, scrimmage voor de goal van SDS, redding van Emma

Tweede helft:

3e minuut: MKV schiet vol op de kruising uit een vrije trap”

9e minuut: MKV maakt 1-1

11e minuut: MKV schiet net naast

13e minuut: MKV maakt de 1-2

33e minuut: Renske scoort de gelijkmaker (2-2) na weer een assist van Emma.

Volgende week de laatste wedstrijd van dit seizoen, uit in Harlingen tegen Vlieland. SDS MO15-1 kan nog derde worden, maar dan moet er wel gewonnen worden en de concurrentie moet punten laten liggen. We zullen zien hoe het af gaat lopen!

Aukje Schellens, (regelmiep MO15-1)

SDS/Nijland JO15-3 bliuwt op kampioenskoers


Der stie in wichtich potsje op it programma foar SDS JO15-3. Om kampioen te wurden wie winne needsaak. Dat diene se.  4-2 tsjin sc Terschelling JO15-1. sc Bolsward is de grutte konkurrint no noch.

Kletterdei bij it Efkes Baljen

It wie freed kletterdei.
De nije troch bûtenlânske keunstners betochte wetter of mistspuitsjende fonteinen dy’t yn alle stêden yn Fryslân komme, binne iepensteld.
En dit is noch mar in begjin yn ús wetterrrike provinsje. De folgjende stap is dat yn 2030 of iets letter alle 417 doarpen ek in ferpleatsbere fontein krije dy’t elts doarp sels ûntwerpe kin mar dy’t letterlik en figuerlik foldwaan moat oan twa dingen. Oan de ien kant fan de fontein moat je de loftrompet ôfstekke kinne en oan de oare kant moat je “raar guod” spuie kinne.
Sa’n fontein kin bij alle eveneminten yn it doarp brûkt wurde. Nei in sportwedstriid, nei in gearkomst, nei in taptoe, nei in konsert, ja sels nei in preek fan de dûmny.

Wat hie it moai west at dy fontein yn Easterein der al west hie en at dy freedtejûn bij it sportpark stien hie, sadat de Efkes Ballers harren aai kwyt koene.
Fjouwer man hiene harren lêste enerzjy dan brûken wollen “raar guod te spuien” oer dizze edysje. Yngewikkelde rigels mei steande en lizzende doelen en mei in telling wêr’t sels basketballers muoite mei ha. Sij soene ropt hawwe dat se best tsjin ferlies kinne (sels trije kear) mar dat dit neat wie. En sij soene it nochris sizze en nochris. Hielendal neat wie it.
En oan de oare kant fan dy fontein soe de loftrompet útsprutsen wurde kinne troch de winners: Wat in ynset, wat in ynsicht, wat in doeltreffende jûn, wat in team, wat in histoaryske jûn mei mar leafst trije oerwinningen.

En dat dy fontein nei al dat dy uteringen oer teloarstelling en oerwinningsroesen dan úteinlike bromme soe:
moai dat jim der wiene
ik haw genôch fan jim geswets
no ek net mear griene
op nei hûs en oan de kâlde klets

Raarguodspuiers: Harrie, Klaas, Wouter, Pieter
Loftrompetôfstekkers: Syb, Frank, Menno, Aant