Sneon 17-2-2018

Weppers freed 16-2-2018
16 februari 2018
Weppers snein 18-2
18 februari 2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582

09:00 ST SDS/Nijland JO15-2 AVC JO15-1  4-4
09:00 SDS JO11-2 Workum JO11-3  9-1
09:00 SDS MO13-1 SJO CVO/Ouwe Syl MO13-1  3-0
10:10 SDS JO11-1 Frisia JO11-7  12-0
10:45 ST SDS/Nijland JO15-3 Leovardia JO15-4  2-1
11:15 SDS JO13-1 SC Bolsward JO13-2  1-8
12:40 SDS VR1 Oudega VR1  5-1
12:50 SDS JO19-1 SJO DFC JO19-1  1-6
15:00 SDS 3 SC Bolsward 4  0-4
15:00 SDS 2 Minnertsga 2  0-2
08:45 Franeker SC JO13-5 SDS JO13-2  1-0
09:00 Nijland JO9-1 SDS JO9-2  6-8
09:35 Black Boys MO15-1 SDS MO15-1  gnt
10:00 Stormvogels’64 JO10-1 SDS JO10-1  1-1
10:00 Zeerobben JO8-3 SDS JO8-1
10:15 SC Bolsward JO10-4 SDS JO10-2
10:15 Workum JO9-1 SDS JO9-1  7-5
11:30 FVC JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-1  10-5
12:30 Heerenveen JO17-2 SDS JO17-1  gnt
12:45 Blauw Wit ’34 MO17-1 SDS MO17-1
13:30 Terschelling JO17-1 SDS JO17-2  11-1
14:30 DWP 1 SDS 1  3-5
14:30 Mulier 3 SDS 4  2-2

SDS 1 lit de tosken sjen yn Sint Jansgea

Alle seizoenen binne der wol fan dy wedstriden dat je je ferbaze en fernuverje oer wat er te sjen is. DWP 1 – SDS 1 op 17-2-2018 wurdt oan dit rychje taheakke. Taskôgers kamen eagen te koart om it allegear te beseffen. In SDS mei spirit sa as it noch net faak west hat dit jier. DWP hie grutte muoite de twa spitsen fan SDS ôf te stopjen en kamen mei dêrtroch net yn harren spul. It fleach en it die en it doelpunt nei 10 minten wie net ferrassend.
Habtamu de Hoop skoarde nei in goeie oanfal. De twiit wie noch net skreaun of it wie al wer 1-1. Iets te maklik ferdigenjen waard ôfstraft. Mar yn tsjinstelling ta oare wedstriden rekke SDS net fan slach. Se bleaunen fuotbaljen wêr’t it koe, se bleaunen opromjen wêr’t it moast. Nei in prachtige snelle oanfal fan ien kear reitsje kaam de bal bij Matthijs Postma en mei in skitterjende boochbol wie it dus 1-2.

It spul bliuw hin en wer gean. kânsen oan beide kanten mar SDS koe de rêst helje mei in 1-2 foarsprong.  It sintrum fan de ferdigening mei Ewout en Marco stie as in hûs. Troch de tee of troch in speech fan de koach (wa wit it?) begong SDS hiel sterk oan de twadde helte.

In foar it each suver doelpunt waard ôfkard nei oerlis fan de skiedsrjochter mei de assistint mei de griene flagge. SDS wie razend en dat setten se om yn enerzje. It wie binnen 5 minuten dat SDS wol de 1-3 oantekene. Doelpuntenmakker Habtamu…

It waard efkes fierd bij de grinsrjochter ……
SDS gie gewoan troch mei oanfallen en it wie Gerwin Sijbesma dy’t troch de midden mei nei foaren gie, ynienen frij yn de 16 stie en de bal achteleas mei bûtenkant rjochts ynskeat. 1-4 wat in weelde dit kin net mear misgean…..tochten wij.
War er dêrnei noch allegear barde….Kânsen, grutte kânsen foar SDS gjin doelpunten.

En DWP dy goaide foaral lange ballen yn it strafskopgebiet en koe Jaap syn talinten toane.
Mar it kaam net goed en sa waard it ynienen 2-4 en gelyk dêrnei 3-4.
Grutte spanning bij de talrike SDS supporters want oh wat kaam der in romte efter de ferdigening fan DWP en wat gie SDS ferkeard om mei dy kânsen.
It wie Lourens van der Pol dy’t foar wat opluchting soarge troch de 3-5 oan te tekenjen. Mei noch in minút as 5 en blessuretiid te gean bleau it spannend en

opromje wie somtiden it defys.

It einsinjaal waard mei grutte freugde begroete troch alles wat SDS wie en dy iene supporter fan DWP dy sei it moai: lokwinske, in prachtich potsje fuotbal en it is fertsjinne dat jim wûn ha.

De skiedsrjochter dy’t goed fluite en goed omgie mei de emoasjes hie it drok mei doelpunten noteare mar ek mei de kaartenadministraasje. Meardere giele kaarten foar beide ploegen en ien kear read foar DWP.

Opstelling: Jaap, Gerwin. Bauke, Marco, Ewout, Frank, Wiebe, Piter (Remco), Matthijs, Jelmer (Lourens), Habtamu (Peter)

Konklúzje: It wie top hjoed en dat is nije wike ek nedich tsjin TOP 63.

SDS 1 live yn de kantine yn Easterein


Mei de technyk fan hjoeddeidei koene de froulju fan SDS VR 1 de bloedstjelpende lêste minuten yn Sint Jansgea folge yn de kantine yn Easterein. Ferslachjouwer en kameraman Jacob Klaas Haitsma soarge foar de ferbining en pikte it lêste doelpuntsje fan Lourens noch krekt efkes mei…Jaaaaaaaaaaaaa, doelpuuuuuunt

SDS VR1 – Oudega VR1    5-1

Neidat de wedstryd fan foarige wike oflast waard troch waarsomstannichheden, mochten we juster wer los tsjin Aldegea.
As je by de statistieken op Voetbal.nl sjoche, steane sy by de moeilijke tsjinstanders. Dit is net foar niks, want ondanks de 4-0 winst oan it begjin fan it seizoen, bliuwe de wedstriden tsjin Aldegea oltiid dreech en ûnfoarspelber.

Nei it fluitsignaal begong SDS sterk en ol yn de earste minuut krigen we in grutte kans om op foarsprong te kommen. Net folle letter makket Tjitske de 1-0 troch in mooie bal fan Hester. Dernei bliuwe we goed druk setten en spylje we ek allinnich mar op de helft fan Aldegea. Seriette makket in goede actie op links mar wurdt dan underut helle, frije trap foar us. Dizze wurdt nommen troch Tjitske en it is Seriette die de bal fia de binnenkant fan de peal binnen tikt. Ek Aldegea komt der nog in keer goed út, mar gelukkig stjit der Marjo die mei in goede redding foarkomt dat sy score. Dan is SDS wer oan de beurt. Mei in prachtige bal stjoert Alissa Tjitske fuort en die makket de 3-0. Krekt foar de rust krijt SDS nog in grutte kans op de 4-0 mei in penalty, mar die wurdt helaas mist troch Tjitske. De keeper siet yn de goede hoek en wist de bal út de goal te halden. Hjirtroch rekke sy echter wol blesseerd en koe se net fjierder.

Yn de twadde helft krije we in soad kansen, mar de bal wol der net yn. Oan de oare kant krijt Aldegea ek meer kansen en sy witte wol te scoren. It wurdt 3-1 en Aldegea krijt wer hoop. Mar dan is der in goede bal fan Gerry die, mei in gelukje, fia Tjitske by Hester terjocht komt, sy makket de 4-0.
Ot it no komt troch alle mannen die langs de sydline steane te wachten tot sy los kinne, of dat it ergens oars troch komt, mar de rust yn it spul is fuort en SDS begjint steeds rommeliger te spyljen. Yn de lêste minut krijt Tjitske nog in grutte kans, mar die stuit op de keeper. Gelukkig is der Kirsten die goed meirun is en sy scoort de 5-1 út de rebound. Al mei al wer in mooie overwinning die de juns nog even goed fierd is!

Tjitske Heeres

1-0 Tjitske Heeres
2-0 Tjitske nimt frije traap: Seriette skoart
3-0 Moaie assist Alissa en Tjitske skoart
4-1 Hester Kingma
5-1 Kirsten Hiemstra

SDS 2 – Minnertsga 2

’t 2e moest gisteren weer los op ’t prachtige kunstgras op de Skoalleseize. Onder een heerlijk zonnetje werd er om 15.00 afgetrapt.
Minnertsga is een fysiek sterke , en wat later zou blijken, een zeer fitte ploeg.
Bij ons waren er hier en daar wat pijntjes, terug van een blessure en weinig training, kortom, geen 100% fitte ploeg.
Komt nog bij dat er 4 met een blessure aan de kant stonden, en je weet dat het een lastige middag wordt.
En dat werd het, Minnertsga de betere ploeg, kwam in de 26e min op 0-1. Tot aan die tijd had geen van beide ploegen aanspraak gemaakt op een openingstreffer.
Wij toonden veel inzet, maar toch creëerden we tot aan de rust eigenlijk niet 1 kans.
Na rust eenzelfde beeld, Minnertsga voetbalde iets makkelijker, al creëerde zij ook niet veel kansen, toch hield Marten ons een paar x “in leven” met een paar knappe reddingen, maar in de 70e min verdubbelde ze de voorsprong.

Wij hebben er alles aan gedaan om terug te komen in de wedstrijd, maar soms lukt het gewoonweg niet. Er zat niet meer in en Minnertsga was simpelweg beter. Volgende week vrij, lekker “in een ritme” komen is er niet bij, dus maar oefenen. Thuis om 11.45 tegen AVC.

Boudewijn Kramer

SDS 3 – sc Bolsward 4 0-4

SDS 3 ferlear juster mei 0-4 fan sc Bolsward 4. De Boalserters eagen fitter en stienen al nei 10 minuten mei 2-0 foar. Foar de rêst waard it noch 3-0 en sa rûn SDS de hiele wedstryd efter de feiten oan. SDS krige noch wol in pear hiele lytse kanskes, mar it waard úteinlik 0-4. No allegear mar hiel hurd traine en dan oer 3 wiken it ritme wer oppakke út tsjin VVI 3.

SDS JO10-1

De jonges en de faam fan SDS JO10-1 mochten harren hjoed omklaaie yn de moaiste klaaikeamer yn Fryslân. Se wiene nammentlik yn Achlum om tsjin Stormvogels JO10-1 te fuotbaljen. Us ferslachjouwer “ter plekke” jout oan dat der in swierbefochten 1-1 gelykspul útsleept waard troch in ôfstânsskot krekt foar tiid fan ………

………Noor van der Ende

Poiesz-jeugdsponseraksje

Hjoed stiene dizze jonges

by de Poiesz yn Skearnegoutum om elkenien ‘Winterspelen oranjekoekstikjes’ te ferkeapjen om sa ekstra Poiesz-munten te fertsjinjen foar yn de SDS-koker. Se hawwe ferskriklik harren bêst dien en in aldermachtichst soad munten binnen helle foar SDS. Super dien jonges!!!!

Sneu


Sneu is it wannear je krekt minister binne en ôftrede moatte mar noch sneuer is it wannear je nei Snits ôfreizgje en de wedstriid wurdt ôflast troch de skiedsrjochter fanwege it fjild. En dat wylst de konsul justerjûn syn akkoard jûn hie. It oerkaam MO15-1 hjoed. Swarte gesichten dus bij Black Boys yn Snits

Efkes Balje


Sin en wille kin folle tille. Wa’t dat betocht hat, fertsjinnet in priiske.
De sinne hie freed syn wurk aardich dien om der foar te soargen dat de Efkes Ballers mei in goed sin kamen. It doel is dan ek dat elkenien mei in noch better sin wer nei hûs giet. En fuotbalje is in goeie wize om de sinnen efkes te fersetten.
Mei in goed sin nei hûs dat slagget meast wol, want in goed sin kinne je samar krije troch dat iene moaie passke, dat oerend hurde skot, dy kopbal dy’t tsjin it net slacht, dy lob, dy oanname dy’t je yn de earedefysje sa graach sjen wolle, dat doelpunt of troch wat er sein wurdt hjir en dêr.
Fansels draacht in winnende partij ek bij oan in goed sin. Freed wiene der gjin ferliezers. As ploech fan 6 witte je dat it lestich wurdt en dat it gjin sin hat om blyn oan te fallen. Ploechje 7 hie harren sinnen setten op twa oerwinningen en dy kamen der. In lyts ferskil yn beide partijen. Mar dat lytse ferskil kin der samar foar soargje dat der guon mei in sin as in baarch nei hús gean. Soks hat gjin sin mar dat telt efkes net. Want hoe leuk Efkes Balje ek wêze kin, it giet om winnen en dat is dat oerke de sin fan it libben.
It Efkes Baljen hie ek dizze kear wer neat fan polityk: gjin leagens(want dy hawwwe koarte skonkjes Zijlstra!) en gjin gemien spul (wij ha se net efter de earmtakke Anema!).
Ploech 6: Ferrie, Folkert Rients, Harrie, Aant, Foeke Dirk, Menno
Ploech 7: Pieter, Pieter, Wouter, Klaas, Frank, Syb, Wybren
(aant)