Sneon 10-3-2018

Weppers freed 9-3-2018
9 maart 2018
Weppers moandei 12-3
12 maart 2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582.

Gerrit wurdt Sjouke

De muzyk fannemiddei nei ôfrin fan SDS 1- Willemsoord 1 wurdt net fersoarge troch Gerrit P mar troch Sjouke van Kammen. Stimproblemen iss de reden

De duvel spilet mei SDS 4

It is at de duvel der mei spilet, wurdt der wolris sein. At it ea fan tapassing wêze soe, dan is dat dit seizoen foar SDS4.  Harren wedstriid tsjin Scharnegoutum om 14.30 op it haadfjild giet net troch. Tsjin 12 oere bellet Scharnegoutum ôf……

SDS 4 oefent

Fan de need in deugd meitsje of soksawat.   SDS 4 oefent wierskynlik fannemiddei yn in ûnderlinge 8 tsjin 8 wedstriid.

09:00 SDS JO13-2 LSC 1890 JO13-4  1-7
09:00 SDS JO8-1 Oosterlittens JO8-1
09:00 SDS JO9-1 SC Bolsward JO9-2
10:00 SDS MO15-1 SJO DFC MO15-2  2-1
10:30 ST SDS/Nijland JO15-1 SC Bolsward JO15-4  2-0
11:45 SDS JO17-2 Beetgum JO17-1  6-2
12:30 SDS JO17-1 Blauw Wit ’34 JO17-2  2-1
14:30 SDS 4 Scharnegoutum’70 3  g.n.t.
17:00 SDS 1 Willemsoord 1  8-0
08:45 Franeker SC JO15-4 ST SDS/Nijland JO15-3  0-7
08:45 Heerenveen JO10-3 SDS JO10-1  5-5
09:00 Beetgum JO10-1 SDS JO10-2
10:15 Oosterlittens JO11-2 SDS JO11-2  1-7
10:15 SJO J.V. Oostenburg MO17-1 SDS MO17-1
11:00 SWZ Boso Sneek JO13-2 SDS JO13-1
11:00 AVC JO9-1 SDS JO9-2
11:10 Zeerobben MO13-1 SDS MO13-1  3-5
11:15 Leovardia JO11-2 SDS JO11-1
12:00 Minnertsga JO15-1 ST SDS/Nijland JO15-2  3-1
12:30 Frisia JO19-2 SDS JO19-1  4-1
12:45 VVI 3 SDS 3  3-2
13:00 Zeerobben 2 SDS 2  4-4
14:30 GAVC VR1 SDS VR1  3-2

GAVC VR1 – SDS VR1

Zaterdag 10 maart werd er gespeeld tegen GAVC in Grou. De thuiswedstrijd tegen GAVC werd nog met 9-3 gewonnen, maar dit was destijds enigszins geflatteerd. Met een aantal wijzigingen in de basisopstelling begonnen we aan de wedstrijd.

Net als in de thuiswedstrijd begon GAVC sterk aan de wedstrijd. GAVC zette veel druk, wist elkaar goed te vinden en dit resulteerde al snel in een mooi doelpunt. Vanaf een afstand werd de bal hoog over de keeper in de linker bovenhoek geschoten. SDS had moeite om het eigen spel te spelen en was bij elke bal een stap te laat. Desondanks zorgde Seriette in de 22e minuut voor de aansluitingstreffer. SDS begon hierna wat beter te spelen, maar een goede aanval opbouwen bleef lastig.

Na balverlies op de zestien meter lijn bij het doel van GAVC werd duidelijk dat de dames van GAVC sterk waren in de omschakeling.
De thuisploeg kwam door deze goed uitgespeelde counter opnieuw op een voorsprong. In de laatste fase van de eerste helft waren beide ploegen aan elkaar gewaagd. Vanuit een corner kwam de bal met wat geluk op een meter van het doel voor de voeten van een speler van GAVC, die de bal langs Marjo wist te trappen. Dit betekende de 3-1, wat tevens de ruststand was.
In de rust werd de opdracht voor de tweede helft duidelijk. Meer felheid op de bal, duels aangaan, niet afwachten en zorgen voor de nodige doelpunten.

SDS startte de tweede helft sterk. Er werd goed druk gezet en vele duels werden gewonnen. Lysanne zorgde met een ver afstandschot voor de 3-2. Hierna bleef SDS haar eigen spel spelen en GAVC kwam er eigenlijk niet meer aan te pas. Dit resulteerde in vele kansen. In de 55e minuut een prachtig schot van Agnes die helaas net over ging. Vervolgens nog een aantal kansen die ook net naast en over gingen. Het lukte SDS niet om haar kansen af te maken. In de 90ste minuut volgde nog een handsbal van GAVC in het strafschopgebied na een schot van Tjitske, maar helaas gaf de scheidsrechter hiervoor geen penalty. Eindstand 3-2.
Richtsje Strikwerda

SDS 1 yn topfoarm

Foar de wedstriid tsjin Willemsoord stie SDS op in doelsaldo fan -7.  Nei in hearlike wedstriid is it doelsaldo yn ien kear nei de plus brocht. Mar leafst 8 kear koene de hannen fan de SDS supporters de loft  yn.  Nei de earste helte seach it dêr net nei út. SDS kombinearde soarchfâldich en skoode hieltyd nei foaren sûnder ta hiele grutte kânsen te kommen.  Willemsoord loerde op de kounter en dat soarge foar in boeiende earste helte. SDS skoarde wol ien kear. Bauke Dijkstra naam de frije traap mei gefoel, Wiebe Heeres kopt, bal komt tsjin de peal en foar de weromstuiterjende bal is Habtamu de Hoop der as de hinnen bij en lit de 1-0 oantekenje.

Supporters fan SDS geane tefreden foar in let bakje kofje of in  bierke de rêst yn. Wa’t it twadde bierke noch efkes rêstich drinke wol of wa’t de kofje net goed daaie kin, hat pech. Binnen 5 minuten stiet it ynienen 3-0. Pieter Sytsma pleatst de bal prachtich yn de rjochter hoeke en Gerwin Sybesma  docht it selde en lit sjen dat syn treffer yn Sint Jansgea net in tafalstreffer wie.

It jeudige SDS krijt der hieltyd mear nocht oan wylst it beste bij de mannen oan de oare kant fan de Tsjonger der al ôf is.  Dy trainer fan Ajax sil wol sein ha dat de ploech fan trainer Marco Hoekstra heech yn de konsintraasje sit want der wurdt konsintrearre fuotballe. Efter waard neat wei jûn, gjin lange ballen nei foaren mar fia it middenfjild opbouwe en lâns de flanken wurde prachtige oanfallen opsetten.  Habtamu de Hoop makket de 4-0 en dêrnei komt Lourens van der Pol yn de ploech foar Erik Haitsma. Krekt yn it fjild en hij tekent de 5-0 oan.  It fermaak giet mar troch en de doelpunten wurde hieltyd moaier. Remco Hylkema (ynfallen foar Pieter Sytsma) de 6-0, Ewout de Boer de 7-0 en Lourens van der Pol de 8-0…..

It einsinjaal komt as in befrijing foar de Willemsoorders en foar de SDS supporters hie it best noch wol efkes trochgean kinnen. Kompliminten foar dit jeudige SDS. Mei flair fris en fleurich spile, foarelkoar wurke, kreatyf, in soad beweging en elkoar in kâns gunne.   Ek goed om te neamen is dat it in sportive wedstriid wie ûnder in prima liedende skiedsarjochter dy’t de kaarten net nedich hie.

Nije wike nei Bant, dat de minste ferliespunten hat yn de tredde klasse A. Mar mei wat er hjoed sjen litten is yn Easterein wurdt dat in hoapfolle reis nei de polder.

Opstelling SDS:
Jaap
Bauke, Jacob Klaas, Marco, Gerwin
Wiebe, Pieter (Remco), Ewout, Matthijs (Frank)
Habtamu, Erik (Lourens)

Ljochtwedstriidpupillen

De wedstriid fan SDS 1 wie dien, spilers wiene noch net fan it fjild of de twa pupillen hiene al in bal te pakken en wiene al wer lekker oan it sjitten op it doel. Neat gjin haast om op de foto, neat gjin haast om patat te iten. Eachte leafhawwers dus.

Uteinlik hellen Sytze Bouma en Rients Klein Swormink harren man fan de wedstriid Pieter Sytsma út de klaaiboks en mochten sij op de foto foar it skoareboerd wêr’t echt op stie dat it 8-0 wurden wie.

SDS 2 yn enervearend potsje sûnder winner

Sds 2 moest vandaag naar Harlingen om tegen Zeerobben 2 te voetballen.
We begonnen goed en creëerde de ene na de andere kans, maar zoals al vaker hier gemeld, wilde de bal er niet in, zelfs vrije trappen op rand 16 werden een prooi voor de goalie van Zeerobben. En ja, dan valt hij aan de andere kant wel, wat is het soms een “oneerlijk” spelletje. In de 35e en 37e min scoort Zeerobben en staan we in plaats van minimaal 0-2 voor, plots 2-0 achter.
We waren echt niet minder, al speelde de tegenstander ook zeer fatsoenlijk voetbal, en gelukkig maken we vlak voor rust de aansluitingstreffer. Een knappe aanval, die bij Anne komt, die zet goed voor en Hendrik de J maakt de 2-1.
De tweede helft zet Zeerobben behoorlijk druk, maar echt gevaarlijk werden ze niet, de betere kansen waren voor ons, pal en lat voorkwamen de gelijkmaker. In de 20e min een kleine onoplettendheid bij ons en Zeerobben maakt 3-1.
Normaal gaan de koppies dan “hangen” na zoveel “onrecht” en pech, maar nu niet. We voelden dat ’t er in zat, Zeerobben wisselde, al dan niet door blessures, niet al te gelukkig en wij zetten er 3 “frisse” wissels in.
In de 35e min maakt Jildert, net in de ploeg, er 3-2 van, 37e min Sjoerd maakt de gelijkmaker, 3-3.
Zeerobben was er even helemaal af en in de 41e min maakt Bote zeer “koel” de, op dat moment eigenlijk terechte 3-4.
Dan moet je hem er eigenlijk uitslapen, maar Zeerobben zet alles op alles, wij waren bijna leeggespeeld, zeer logisch, want iedereen was tot het uiterste gegaan, en jammergenoeg maakt Zeerobben via een been van ons, waardoor Gertjan kansloos was, de gelijkmaker, 4-4.
Een prachtige pot voetbal, gestreden voor elke meter, laten zien dat we ’t echt nog niet verleerd zijn, karakter getoond na een achterstand, heren, sjappoo!! Helaas geen 3 punten, volgens de trainer van Zeerobben hadden we die wel verdient, en volgens mij ook uiteraard!!!!!

Boudewijn Kramer

SDS VR 1 krijt net wat it fertsjinnet

In oerwinning wie fertsjinne west te mjitten oan it oantal kânsen. GAVC hie trije kânsen en skoarde trije kear. SDS skoarde twa kear en dat betsjutte ferlies. Doelpuntenmaksters: Seriette Strikwerda en Lysanne Wiersma

Laitsjende gesichten bij SDS 4


At de spilers fan SDS 4 in tegeltsje oan de muorre hingjen hawwe dan stiet dêr fêst op “Bliuw laitsjen” . De wedstriid ôflast en wol mei laitsjende gesichten op de foto. Nij ynrinsjurts beskikber steld troch AB Vakwerk…

VVI 3 – SDS 3      3-2

Doelpunten SDS fan Jeroen Wagenaar en Robert Sijbesma

SDS/Nijland 15-1 – sc Bolsward 15-4

In spannende wedstriid dy’t alle kanten opkoe. Doelman SDS hie in oantal geweldige reddingen en hold de nul. Krekt foar tiid twa moaie doelpunten fan ……Remy en Jelmer. Sa wie de winst binnen.

Efkes Balje

It wie ôfrûne moandei de dei fan de maksimumsnelheid,
tiisdei de dei fan de logopedie,
woansdei de dei fan de ereksje
en dêrop oanslútend tongersdei de ynternasjonale dei fan de frou.
Fierders wie it dizze wike ek de wike fan wat minder fleis ite.
Om dêr mar mei te begjinnen: Ploech 5 makke gehak fan ploech 6. Ploech 5 brocht it gefoel en de snelheid fan ôfrûne moandei mei en de jonges fan ploechje 6 stiene der bij of wie it tiisdei: sprakeloas
It foarspul yn de geast fan woansdei, soarge foar in dikke oerwinning yn de grutte partij en de ûntlading kaam yn de finale fierstente gau: binnen 2 minuten wiene der 2 doelpunten makke. Ja, dy Wybren kin razend hurd.
Dat it tongersdei de ynternasjonale dei fan de frou wie, nimme wij mar efkes foar kundskip oan.
Op 1 maart wie it de nasjonale komplimintendei. Dy dei liene wij der noch mar efkes bij yn dit ferslach. Want it slagge ploechje 6 juster net echt om spontaan dy kompliminten út te dielen nei it ferlies fan harren en de oerwinning fan de oaren. Der moast suver omfrege wurde troch ploechje 5: dat diene se dan ek.
It wie fansels de teloarstelling, dy’t resultearre der yn dat in inkele al fuort wie doe’t de lêste bal noch net iens stil lei yn it net en dat oaren mij de holle nei ûnderen it fjild ôfrûnen.
Dêr gie it fertriet fan it ferlies en de wille oer de oerwinning gau oer yn in neat ûntsjende lilkens. Lilkens oer wol 30 peuken op it fjild foar de kantine.

Achteleas dêr delsmiten of stiene de filtersigretsmokers foar in kroech.
Skandalich gedrach mocht ik wol yn it stikje sette.
Graach sels.
Dêr wiene wij ( de 5 Wybren, Ferrie, Klaas, Menno, Syb en  de 6 Folkert Rients, Theo, Wouter, Pieter, Harry en Aant) it allegear oer iens……
Aant