Sneon 10-12

Seleksjes sneon 10-12
9 december 2016
SDS-FIFA-2017-toernoai dik slagge!
11 december 2016

It meast aktuele programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside. Leuke en nijsgjirrige saken, wedstriidferslagen en in fotootsje kinne maild wurde nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl.

Programma sneon

09:00       SDS JO9-1 – Stormvogels’64 JO9-1                                         2-3

10:05       SDS JO17-2d – Blauw Wit ’34 JO17-5                                      6-1

14:00       SDS 3 – Tzum 1                                                                             3-2

14:30      SDS 2 – NOK 2                                                                               0-0

09:00       Blauw Wit ’34 JO15-2 – SDS JO15-1                                       3-1

12:00      Leovardia JO19-1 – ST SDS/Scharnegoutum’70 JO19-1      4-0

12:30      Mulier 3 – SDS 4                                                                           7-0

12:30      SC Bolsward VR2 – SDS VR1                                                     0-3

14:30      Heerenveense Boys 1 – SDS 1                                                    2-1

Heerenveense Boys 1 – SDS 1

SDS 1  en Heernveense Boys wienen aardich oan mekoar weage. Yn de earste helte barde der net folle foar beide goals, al kaam SDS noch it tichtste yn de buert. Yn de rêst wienen de measte minsken dan ek wol fan miening dat it wol op in 0-0 útdraaie soe. Yn de twadde helte skoorde Heerenveense Boys allinnich al gau twa kear en like de wedstryd dien. Doe ’t Jelmer Posthumus krekt foar tiid noch 2-1 makke waard it noch efkes spannend, al koenen de measte taskôgers dit hast net mear sjen troch de mist en de ynfallende tsjusterens. Dochs bleaun it 2-1 en bleaun Heerenveense Boys thús sûnder ferlies dizze earste helte fan it seizoen.

SDS 2 – NOK 2  0-0

Het 2e moest de laatste wedstrijd voor de winterstop aantreden tegen NOK.
Dat het een pittig potje kon worden, stond van te voren al vast, immers de gasten klimmen stiekem op de ranglijst naar de 3e plek met de laatste weken goede uitslagen.
Met een aantal spelers in vorm bij ons door omstandigheden er niet bij konden we dus vol aan de bak.
De eerste helft was een gelijk opgaande strijd, beide ploegen aasde op de openingstreffer, maar echt gevaarlijk werden beide niet. Wel veel inzet, maar grote kansen werden er niet gecreëerd. Een mindere laatste 10 min van ons voor de rust werd ons bijna fataal maar met een fantastische redding hield Marten de 0.
Na rust een zeer spannende tweede helft, wij kregen weer wat grip op de tegenstander en creëeren een paar goede kansen, mede door een paar scherpe counters maar achterin moesten we alert blijven, want NOK was absoluut gevaarlijk in de omschakeling. Dat een 0-0 wedstrijd zo leuk en spannend kan zijn….. Al met al had Auke een “makkie” te fluiten, een faire wedstrijd met 2 voetballende ploegen, terechte uitslag, een fantastische inzet van ons, maar zeker ook van NOK.
SDS 2 is “herbstmeister” en dat is lang geleden….
Het bleef nog lang gezellig, eerst in de kantine en later in de Jimbar!!!!
Boudewijn

It wiidweidige ferslach fan de NOK reporter kinne jim hjir lêze, mei in grut komplimint oan it adres fan skiedsrjochter Auke Eringa …

SDS 3 – Tzum 1  2-3

Tzum in 0-3 foarsprong en doe kaam SDS werom mei doelpunten fan Wichard Deinum en Henk Postma.

Mulier 3 – SDS 4   7-0

Wol doelpunten, mar mear hawwe wy net te melden.

sc Bolsward VR 2 – SDS VR1

De lêste wedstryd foar de winterstop. De dames reizigen ôf nei Boalsert wer om healwei ienen de wedstryd begûn. ik tink dat wy wol kinne sizze dat wy 70% fan de wedstryd op de helte fan boalsert spile hawwe. Mar boalsert hie him goed verdjippe of oanpast oan ús spul. Tsjitske krige gjin romte en waard faak troch trije man foar de fuotten rûn. De wedstryd ferrûn rommelig, weinig goeie aannames, een soad ballen troch de loft. SDS krige in de earste helte in pear kansen maar echt gefaarlijk waarden wy net, de kânsen dy wy hiene waarden goed tsjinhâlden troch de keepster dy in goeie wedstriid spile.
De froulju fielden de druk om te wolle winne, want dizze kopposysje is wol yn moaie posysje om te winterstop mei in te gean. Oant de 70/75e minút bleuwn it 0-0, mar in de twadde helte spile sds zeker better dan de earste helte. Mar ek toen stie de verdediging fan boalsert goed op syn plak. Run de 75e minuut kaam de bal foar it goal, en waard dizze ut de drokte nei de linkerhoeke spiele wêr akke rixt de bal wer goed foar de goal krije koe, dêr stoen Hester die de bal sa it goal in wist te tikjen.
Dizze 0-1 wie meer dan welkom. Een pear minuten letter wy it Janieke die de 0-2 wist te meitsjen en flak foar it einde wist Sieta via een vrije traap de bal rechtstreeks in it goal te krijen. Nei de 0-1 joeg Boalsert de moed op en kiigen wij meer romte.

De 3 punten binne foar us en we hoopje dat we dizze mooie utslagen trochsette kinne nei de winterstop.

Blauw Wyt JO15-2 – SDS JO15-1 : 3 – 1

Wikselfallich is miskien wol typerend dit seizoen foar SDS JO15-1. Hiele goeie wedstriiden wurde ofwiksele mei folle mindere. En wer lei it ofrune sneon oan ? Wie it underskatting fan de tsjinstander ? Ja, dit soe best kinne, want fan te foaren hearde ik de mannen al sizzen: Ooooh se steane mar 12e. Neat is gefaarliker dan underskatting fansels. Mar mei dizze ynstelling giene us mannen wol it fjild yn. Blauw Wyt hie in hiele oare ynstelling. Sy tochten fan dizze mannen steane boppe us en die sille wol efkes oanpakke. De thusploeg wie dan ek folle skerper en better yn de duels. Dertroch hiene se hieltiid wer de bal en fan derut lieten se ek noch it baltsje snel run gean.

En wat dogge wy, wy sjogge der nei. Hiel unrestich en sa no en dan in lange peer nei foarren, mar sa moatte wy hielendal net fuotbalje. It kin dan ek net lang utbliuwe dat we op efterstan komme, dit bard in minut 7. Ik bin fan miening dat yn sokke wedstriiden de “dragende” spylers de kar luke moatte. Sy moatte, at it wat dreger wurd, foarop gean yn de striid en de oaren hjiryn meinimme. Dit bard net en we meie us hannen tichtknype dat we de rest yngean mei mar 1-0.

De twadde helte begjinne we wol skerper. Ut in moaie oanfal makket Stan yn de 7e minut de lykmakker. It liket derop dat de wedstriid kantelt en we krije sawier kansen op de 1-2. Spitich genoch sakket it by us dernei wer fier fuort en Blauw Wyt kriget wer de oerhan. Sunder dat sy hiel gefaarlik wurde, tinke we in lykspul oer de streep te luken. Dit hie ek beslist maximaal west. Mar troch 2 grutte flaters yn us ferdiediging kin Blauw Wyt noch 2x skoare.

Mei utsundering fan it begjin fan de twadde helte, kamen we dochs wol in protte tekoart. Skande, want der sit safolle fuotbal yn dit team, mar dit kaam der yn dizze wedstriid seker net ut. Nye wike sneon moatte we wer skerp weze. Dan spylje we de leste westriid foar it winterskoft tsjin LSC JO15-2. Wer steane se ? Ja, underoan mei 0 punten ut 12 wedstriiden. Mar nye wike is LSC JO15-1 ek fry. En wer steane sy ? 2e yn de 3e divisie !!! Underskatting nye wike ? IK TINK IT NET !!!!
Theo

Nipt verlies in kampioenswedstrijd

jo9-1-2016-2017-winter

Vandaag konden The Boys onverwachts kampioen worden als we Stormvogels met verlies naar huis toe stuurde maar helaas het werd een nip verlies 2-3. Onder toeziend oog van 75 toeschouwers (SDS 1 zal er jaloers op zijn) krijgen de aanwezige toeschouwers een prachtige pot voetbal te zien wat een spanning op het sportcomplex in Easterein. Maar helaas Stormvogels ging net toch met nodige geluk met de winst naar huis en wij feliciteren hun ook dan met het kampioenschap. Maar wij zijn wel ff 3e geworden in de 2e klasse en dat is een prestatie van echte toppers.
Groet,
Foppe(dennis)

Efkes Balje

Gjin 11, gjin 13, gjin 15 …..dus.. dus …njoggen. It wol mar net even wurde. Dizze jûn mei tal fan oare aktiviteiten wie de opkomst wer in kear ûnder de 10. De fjouwer (Wouter, Harrie, Chiel en Aant) daagden de oare fiif (Frank. Menno, Johan, Pieter en Pieter) út. Der moast oanbealche wurde troch de 4 mei in reedlik grut fjild. In moaie 3-2 foarsprong foar team Hylkema easke in slachtoffer. “plop” sei in bilspier fan Chiel, “sykje it mar lekker üt, mar net mear mei mij”.
Pieter Veenje makke ien fan syn moaiste transfers yn syn fuotbalkarriere  en doe waard it bikkelje foar beide ploegen. Foar, efter, midden, lofts, rjochts oeral dûkten se op en gelokkich wie der sa no en dan efkes tiid om bij te kommen at de neist sketten bal ophelle wurde moast.
It wie razend spannend en der wiene hast al guon dy woene immen ynhiere om de ferrekte tsjerkeklok healwei njoggen slaan te litten…… Ploechje Hylkema wûn úteinlik de pot mei 9-8.
Doe hieefkesbalje-tonge it út wêze moatten, mar de tradysje wol dat er dan noch om twa doelpunten striden wurde moat…..

Mei de tonge op de skoech waard de ein helle. In spannende 2-1 mei de winnende fan Pieter Veenje.
(aant)