SDS-nijjierssit grut súkses!

Programma SDS-nijjierssit!
6 januari 2017
Weppers snein 8-1
8 januari 2017

De SDS-nijjierssit wie juster in grut súkses!
Mar leafst 87 fuotballers dienen mei oan it fuotbaltoernoai en dêrneist wienen der 16 klaverjassers, 6 rinners en 13 efkes ballers. Nei it fuotbaljen, klaverjassen en rinnen wie it tige noflik yn de kantine mei de muzyk fan Sipke de Boer.

Foto fan Jacob-klaas Haitsma

It klaverjassen waard wûn troch Boudewijn Kramer. Hy hie 4638 punten. Joke Dijkstra waard 2e mei 4569 punten en Baukje Bruinsma waard 3e mei 4472 punten. Harm-Auke Dijkstra wûn de poedelpriis mei 3075 punten.


It fuotbaltoernoai waard wûn troch FC FLMSTISD mei Foeke Reitsma, Lourens van der Pol, Mark Postma, Stefan van Krimpen, Tsjeerd Dijkstra, Sieta Tessemaker en Arjen Los. Sy wûnen yn de finale fan Jan-Friso Bruinsma, Elger Turksma, Wietse Fopma, Ewout de Boer, Dirk Stegenga, Peter Hoogerwerf, Sanne-Rixt Jorritsma en Metta Piersma.

De oplossing fan de Krystpuzzel yn de Treffer wie; nijjiersresepsje.
Lolke Bouma hie de goeie oplossing jûn en gie nei hûs mei in prachtige SDS-sjaal.

Ek waard de einstân bekend makke fan de SDS-League. Bas van der Weij wûn mei ‘Ajarnox’ de haadpriis. Aant Hofstra ‘wûn’ de poedelpriis en krige ek in prachtige SDS-sjaal.

Der waarden ek noch 2 rondes Draaiend Rad spile. Fansels gie der wer in rollade nei Appie Posthumus.

Hjirby nochris tank oan de aktiviteitenkommisje mei Allert, Jesse, Jacob-Klaas, Gerry-Edou, Hester en Elger dy der in machtige dei fan makke hawwe!!
Wy sjogge no al út nei it folgende feestje!