SDS-nijjierssit 2018

Kommende sneon is de  SDS-nijjierssit!
Je kinne fuotbalje, klaverjasse, in eintsje rinne of gewoan efkes ien keapje!
It fuotbaljen, klaverjassen en snertrinnen is foar alle senioaren fan SDS, sealfuotballers, A- en B-junioaren, froulju, frijwilligers, Efkes Ballers, stipers, supporters, âld-SDS’ers en wa ’t mar wol!
It begjint rûn in oer as 14.00 oere.
Graach 13.30 oere oanwêzich wêze!

Foar it fuotbaljen kinne je je opjaan fia dizze link of by Jacob-Klaas Haitsma. Ynmiddels dogge der al seker sa ’n 64 manlju en froulju mei, dus moai mei 8 ploegjes yn 2 poules 3 kear balje en dan de krúsfinales en de finale mei moaie prizen!

Foar it klaverjassen kinne wy noch wol in pear dielnimmers brûke. Foar it klaverjassen kinne je je opjaan fia dizze link of by Dirk-Yde Sjaarda.

Foar it rinnen kinne je je opjaan fia
dizze link of by Marco Groothof of Oetze Paauw of gewoan komme.
Se fertrekke rûn in oer as 14.00 oere.

Wa ’t allinnich foar de muzyk en it hapke en it snapke komt kin fansels gewoan komme!

Sneon wurdt ek de einstân fan de SDS-League bekend makke en de winner fan de Treffer-Krystpuzzel!