SDS-League: Van der Pollen pakke wykpriis!

Doelpunten troch de jierren hinne
22 februari 2018
Sneon 24-2-2018
23 februari 2018

It is dizze wike ‘Skip de Kechs a neef’ fan Lourens en Tjerk van der Pol dy ’t de wykpriis pakt. Mei 57 punten hâlde sy ‘Legen………wait for it…..Dary’ fan Gerwin Sijbesma en ‘Kali kartel’ fan Igor Kalinowski krekt ûnder harren. Sy hienen beide 55 punten.

De familie Van der Pol is út de skroeven!

Martijns ‘Pablo Rispens’ stiet noch altiten boppe-oan. Hy pakt dizze wike 49 punten en bliuwt de konkurrinsje noch foar. De ‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma steane 2e op 4 punten ôfstân. ‘Bulder’ fan Jan Mulder en ‘Kali Kartel’ fan Igor Kalinowski stean dield 3e. Emke & Habtamu de Hoop hawwe de smaak te pakken. Nei earst de earste helte wûn te hawwen dogge sy no op ‘e nij boppe-yn mei en stean dield 5e tegeare mei ‘Lemmy Lives’ fan Hendrik Eringa.

‘Pablo Rispens’ noch altiten boppe-oan!

It wie dúdlik net de wike fan Johan Delfsma. Hy sakket mei ‘DumFRIES’ mar leafst 25 plakken fan it 2e nei it 27e plak en skuord syn beide ankelbannen woansdeitejûn mei it sealfuotbaljen………

Underyn hat ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem foarearst ôfskie nommen fan Jaaps ‘Torpedo Toering’. Sjoerd pakt mar leafst 7 plakken en stiet no 62e. Jaaps ‘Torpedo Toering’ jout de reade lantearn al oer oan ‘Henkie (Postma) Cola’.

Nije wike is der y.f.m. de ferwachte froast gjin nije stân fan de SDS-League.
Om dit goed te meitsjen komme wy de wike dêrnei mei twa wykprizen.

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 2