SDS-League: Salestijgers pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 6-4
6 april 2017
Weppers freed 7-4
7 april 2017

foto van Hot Networkz Groningen.Lykas yn de earste helte fan de SDS-League pakt Ayanle Barkat wer in wykpriis mei ‘Salestijgers’!  Mei 49 punten bleaun hy de konkurrinsje in ein foar, want dy hienen mar 42 punten. De foarige edysje waard Ayanle úteinliktwadde yn it einklassemint. Sa fier is it no noch net. Hy stiet no op it 13e plak.

Sjoerd van Beem stiet noch altiten boppe-oan mei ‘Frysk Bloed Tsjoch op’. ‘Jacobs Kaas’ komt al in pear punten tichterby, mar it ferskil is noch altiten 7 punten.

Marco Rijpkema kin hast syn poedelpriis wol ophelje. Hy stiet mei ‘Maccabi Marco’ noch altiten stiif lêst.

Nije wike komme de punten derby fan it trochdewyks programma en dy fan kommend wykein. Dan kin it der allegear wol wer ris hiel oars út sjen.
Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 7