SDS-League: REJO pakt wykpriis!

Weppers woansdei 25-10-2017
25 oktober 2017
Weppers freed 27-10
27 oktober 2017

It is dizze wike ‘REJO’ fan Jorrit Veldman en Remon Bouma dy ’t de wykpriis pakt en ek lyk de kopposysje oernimt fan ‘De Voetbalomnivoor’ fan Hendrik de Jong. ‘REJO’ pakt dizze wike krekt twa punten mear as ‘FC Hallema’ fan Arjen Hallema. Dy pakt dêrmei it twadde plak mei twa (?!) punten efterstân.

‘Ajarnox’ fan Bas van der Weij kaam ek twa puntsjes te koart foar de wykpriis en ‘Hey Ho Let’s Go’ fan de wepmasters sels mar ien………

In stel opfallande stijgers dizze wike mei û.o. ‘Jammer Gert-Jan Hessels'(19nei 7), ‘Jan TOTO'(21 nei 9), ‘Stem op Habtamu de Hoop op 22 november'(31 nei 14), ‘RIP Legend Hugh Heffner'(50 nei 31) en ‘Bla bla blafke'(54 nei 36).

In minne wike foar de ‘Dum(p)Friezen’ Broer-Jacob Greidanus en Johan Delfsma. SC Heerenveen twa kear de boat yn en harren teams sakje fan 18 nei 37 en fan 17 nei 45.

No ’t it topklassering der net yn sit lykje sawol ‘Jimbar’ en ‘DTD’ foar de poedelpriis te gean. Sy sakje tegeare nei de kelder fan it klassemint mei in 60e en 61e plak en steane noch mar 7 puntsjes boppe de nûmer lêst.

De reade lantearn is noch altiten foar ‘Kratje Bier’ fan Marc Hoekstra, mar hy rint al 4 punten yn op ‘Maccabi Marco’ Rijpkema.

 

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 3