SDS-League: Pieter en Tom pakke de wykpriis!

Weppers woansdei 1-11-2017
1 november 2017
Weppers freed 3-11
3 november 2017

It binne dizze wike ‘FC Legend’ fan Pieter Wesselius en ‘FC Savage’ fan Tom Wijnia dy ’t der mei de wykpriis fan troch gean. Beide pakten mar leafst 50 punten. Tom die dit mei û.o. de toppers Boer (9 punten), Droste (8 punten), Berghuis (6 punten) en Lozano(14 punten). Hy pakt hjirmei ek noch de koppsysje.

Fan de minne rissultaten fan syn favoriten fan sc Heerenveen lûkt Allert Turksma mei ‘Heerenveen till I die’ him neat oan. Hy giet fan it 18e nei it 3e plak.

It wie in bysûnder wykein yn de SDS-League. Elkenien yn de top 15 is sakke yn de stân!

‘De Terpies’ fan Bauke en Femke begienen sa goed op it earste plakje, mar sakje stadich oan nei ûnderen. Sy steane no al 34e.

‘LOK (lit oaren kansleas)’ fan de wepmaster mei it langste burd lit oant no ta net alle oaren kansleas. Oant no ta binne it der 6. Oftewol; ‘LOK’ stiet 59e.

FC Kratje pakt dizze wike de reade lantearn noch efkes steviger fêst mei mar 14 punten.

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 4