SDS-League: ‘Pablo Rispens’ grypt wykpriis!

Weppers tongersdei 15-2-2018
15 februari 2018
Weppers freed 16-2-2018
16 februari 2018

Wy binne wer los!
De nije SDS-League!
Foar de 51e kear alwer!
Der binne 5 nije dielnimmers by kaam, dus dat betsjut yn totaal 70 dielnimmers. Dat is dochs wer 1 mear as de twadde helte fan 2016-2017.

‘Pablo Rispens’ fan Martijn Rispens pakt de earste wykpriis mei 56 punten. Dit is 6 punten mear as Johan Delfsma mei ‘DumFRIES’ en 7 punten mear as Jan-Simon Jelsma mei ‘Jelsmanian Devils’.

Opfallend is dochs wer ‘REJO’ fan Jorrit Veldman en Remon Bouma dy ’t ferline kear as 4e eindige binne en no ek wer as dield 4e begjinne.

Under de boppesten komt in hiele grize middenmoat mei allegear skores yn de 40 punten.

Sjoerd van Beem start mei syn ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ as ien nei lêst. Dochs sil him dit goed smeitsje, want hy stiet dochs noch boppe Jaaps ‘Torpedo Toering’. Jaap hat dan ek dúdlik gjin raketstart.

 

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 1