SDS-League: ‘Pablo Rispens’ en ‘FC REJO’ pakke in wykpriis!

Weppers tongersdei 8-3-2018
8 maart 2018
Weppers freed 9-3-2018
9 maart 2018

De nijste stân fan de SDS-League is ûnteid en kinne jim hjirûnder besjen. It giet hjirby om sawol wike 3 as 4.

Martijns ‘Pablo Rispens’ docht goeie saken. Hy pakt in wykpriis mei mar leafst 96 punten yn dizze 2 wiken en stiet dêrmei noch fêster op it 1e plak. Hy nimt mar leafst 21 punten foarsprong op nûmer 2 ‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma.

‘FC REJO’ fan Jorrit en Remon is werom op it 4e plak. Sy eindigen de earste helte op it 4e plak gienen efkes nei it 32e plak en de twa spilers fan SDS 4 stean no wer op harren fertroude 4e plak.

Johan Delfsma docht it net sa best mei ‘DumFRIES’ dy ’t sakket fan it 27e nei it 50e plak. Lokkich genôch hat hy noch in troef. Mei ‘De 11 van Delf’ stiet hy namelijk 3e.

‘Ajarnox’ fan Bas van der Weij stormet de top 10 binnen. Mei 88 punten kaam hy krekt te koart foar in wykrpiis, mar hy giet al fan it 35e nei it dield 5e plak.

‘Bulder’ fan Jan Mulder is aardich troch it iis sakke, want hy sakket fan it 3e nei it 36e plak……….

‘Pierewaaier FC’ fan Jesse van der Weide docht goeie saken. Hy pakt mar leafst 82 punten en giet fan it 66e nei it 39e plak.

De familie Hiemstra nimt mei ‘GEMANIJO’ de reade lantearn oer fan ‘Henkie Cola’. De familie Hiemstra sil hjir net rouwich om wêze no ’t PSV 10 punten foarsprong op Ajax nommen hat en rjocht op de tite ôfgiet.

 

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 3 en 4