SDS-League: FC Wiebes pakt wykpriis!

It is dizze wike ‘FC Wiebes’ fan Wiebe Heeres dy ’t de wykpriis pakt! Wiebe docht it no dus blykber in stik better yn de SDS-League sûnder syn broer Teun. Opfallend oan syn team is dat Labyad fan FC Utrecht de measte punten pakte tsjin Wiebe syn favorite klup Ajax…….

1 Wiebe 2 Wiebes.. 😉

‘FC Boekelaar’ fan Klaas-Bouke Faber hat op ‘e nij aardich de wyn der ûnder. De foarige edysje waard hy earste en no stiet hy twadde. Allert Turksma hat mei ‘Heerenveen Til I Die’ it earste plak oernaam fan ‘FC Legend’ (no 3e) en ‘FC Savage’ (no 14e…..).

‘Strikkies United’ fan de neefkes Bote en Jort Strikwerda koenen wolris sa goed as itselde team hawwe as ‘Haile Gebrselassie’ fan Matthijs Postma. Sy skele eltse wike mar ien punt en geane no tegeare fan fan 14 en 15 nei 34 en 35.

Kratje Bier fan marc Hoekstra pakt wer efkes 9 punten op ‘Maccabi Marco’ Rijpkema, mar stiet as reade lantearndrager noch altiten 11 punten los.

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 5