SDS-League: FC Van Tuinen pakt de wykpriis!

Weppers tongersdei 2-3-2017
2 maart 2017
Weppers freed 3-3-2017
3 maart 2017

Foto fan Jochum van TuinenDizze wike in ferrassende wykpriiswinner, Jochem van Tuinen mei FC Van Tuinen. Foar it earst docht hy mei en al yn de tredde wike pakt hy de wykpriis. Dêrneist is hy ek noch de earste Workumer ea dy ’t úberhaupt in priis pakt yn de SDS-League.

De ienige dy ’t noch in bytsje yn de buert kaam fan de wykpriiswinner is FC Hallema, mar Arjen komt krekt ien puntsje te koart…………

Yn de top 10 fan de SDS-League feroaret dizze wike net folle. FC De Rick fan de Kaktus stiet noch altiten op nûmer 1 en Frysk Bloed tsjoch op fan Sjoerd van Beem stiet twadde. Jacobs kaas dûkelt út de top 10 en der klopje twa nije gegadigden op de doar; Jimbar fan Anne Brouwer en DTD fan Dooitze Nauta.

Maccabi Marco (Rijpkema) stiet noch altiten stiif lêst en stiet no 17 punten los fan Op naar de Coolsingel fan Dirk-Yde Sjaarda.

 

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 3