SDS-League: ‘FC Legend’ pakt de wykpriis!

Weppers tongersdei 3-5-2018
3 mei 2018
Weppers freed 4-5-2018
4 mei 2018

It is dizze wike ‘FC Legend’ fan Pieter Wesslius dy ’t ferrassend de wykpriis pakt. Hy stie 62e en like foar de poedelpriis te gean. No pikt hy dochs noch efkes in wykpriis mei en klimt hy nei it 41e plak.

Boppe-yn de stân is it stuorke wikseljen. Johans ’11 van Delf’ nimt de kopposysje oer fan Igors ‘Kali Kartel’, Jan-Simons ‘Jelsmanian Devils’ giet fan 4 nei 3, Jan-Friso’s ‘Jan TOTO’ giet fan 6 nei 4, ‘FC Lopens’ fan Sjoerd de Vries sakket fan 2 nei 5, ‘REJO’ fan Remon en Jorrit giet fan 5 nei 6 en ‘SDS 4? Zal wel weer afgelast zijn’ fan Klaas-Bauke Faber bliuwt 7e.
It ferskil tusken de nûmer en en nûmer 7 is 13 punten. Wat ús oanbelanget binne dit de kânshawwers foar de titel yn de SDS-League mei noch ien wykein te gean.


‘Kali Kartel’ makket romte foar ‘De 11 van Delf’.

‘Henkie Cola’ fan Henk Postma docht ûnderyn ‘goeie’ saken. Hy pakt mar leafst 44 punten en is fan it lêste plak ôf. ‘FC Wiebelich’ fan Wiebe Heeres nimt de reade lantearn oer mei mar 9 punten dizze wike.

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 11