SDS-League: ‘FC Boekelaar’ noch oan de top!

Weppers woansdei 6-12-2017
6 december 2017
Weppers freed 8-12-2017
8 december 2017

‘FC Boekelaar’ fan Klaas-Bouke Faber pakt dizze wike mar 21 punten, mar stiet dochs noch oan de top fan de SDS-League. Hy hâldt Igor Kalinowski noch 6 punten efter him mei ‘SDS 4 FTW’, Gert-Jan Hessels op 7 punten mei ‘AFK m.b.t. betalen Sissy’ en Jan-Friso Bruinsma op 8 punten mei ‘Jan TOTO’.

Klaas-Bouke giet foar de earste (pr)iis………

De wykpriis wurdt dize wike op ‘e nij dield. Dizze kear giet hy nei de SDS’ers om útens Kristian Gaastra en Thor Ruiter mei ‘Desk Nôto’ en ‘Ajarnox’ fan Bas van der Weij. Wy binne wol benijd wat ‘Desk Nôto’ eins betsjut. Wy hâlde it der foarearst mar op dat it Grinsers is foar ‘dêr stiet in auto………….’

It nivo yn de SDS-League liket al wat werom te rinnen. Wêr ’t je foar de wykpriis 2 wiken werom noch 73 punten hawwe moasten en ferline wike 68, wie no 43 al genôch.

Der is noch neat beslikke yn de SDS-League, want is dan ynmiddels al 7 desimber dochs binne der noch 4 spylrondes te gean foar it ein fan de earste helte fan de SDS-League. Hjir sit ien troch de wyks programma by. De einstân fan de earste helte wurdt sa as altiten bekend makke op de nijjierssit op sneon 6 jannewaris yn de kantine.

By de ûnderste 4 hawwe wy de 4 M’s; Mulder, Marco, Marco en Marc. ‘Kratje Bier’ fan Marc Hoekstra makket dêrby noch altiten it meast kâns op de poedelpriis. Hy stiet noch altiten stiif lêst mei 18 punten efterstân op ‘Maccabi Marco’ Rijpkema.

 

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 8