SDS-League: Dêr is De Hoop!

SDS-nijjierssit 2018
4 januari 2018
Tige slagge nijjiersfeest
7 januari 2018

In ferrassende winner fan de SDS-League. ‘Stem op Habtamu de Hoop op 22 november’  fan Habtamu en Emke de Hoop gie ferline wike as outsider dizze ‘ferkiezings’ yn op plak nûmer 3, mar krige úteinlik de measte ‘stimmen’ en eindigt sa as nûmer 1. En dat wylst hy yn tuskentiidse ‘peilingen’ (wykprizen) nea as nûmer 1 út de bus kaam.

It is ‘REJO’ fan Jorrit en Remon dy ’t de twadde priis pakt. Sy stienen fjirde, mar klimme dochs noch efkes twa plakjes. Sy komme krekt 5 punten te koart foar de earste priis.

De koprinners fan de foarlêste wike binne útelkoar skuord. ‘Jan TOTO’ Friso Bruinsma eindigt as 3e en ‘Ajarnox’ fan Bas van der Weij 8e.

‘AFK m.b.t. betalen Sissy!’ fan Gert-Jan Hessels pakt tegeare mei ‘CD Guadelajara’ fan Pieter Kamstra in krease 4e priis.
‘Heerenveen Till I Die’ fan Allert Turksma wurdt 6e en bliuwt ‘SDS 4 FTW’ fan Igor Kalinowski krekt ien puntsje foar.
It 8e plak wurdt dield troch Bas van der Weij (Ajarnox),  Kristiaan Gaastra mei Thor Ruiter (Desk Nôto) en Dirk de Jong (Supersubs). Dit levert de mannen dochs noch efkes €6,- de man op en dat bin op de nijjierssit dochs al gau 4 giele rakkers 😉

Harm-Auke en Vera pakke mei ‘Wout’ yn it lêste wykein noch efkes ferrassend de wykpriis mei mar leafst 50 punten. Dit levert harren dochs noch 4 plakjes winst op en eindigje as 50e……..

Lang like it der op dat de poedelpriis nei Marc Hoekstra (Kratje)  gean soe, mar it waard úteinlik dochs ‘Maccabi Marco’ Rijpkema dy’t der mei de SDS-sjaal fan troch giet!

SDS League 2017-2018 earste helte eindstand wike 11