SDS-League: ‘De Voetbalomnivoor’ pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 19-10
19 oktober 2017
Weppers freed 20-10
20 oktober 2017

It is dizze wike ‘De Voetbalomnivoor’ dy ’t de wykpriis pakt mei 48 punten. Dat binne der krekt 2 mear as ‘FC Boekelaar’ fan Klaas-Bouke Faber en ‘Jan TOTO’ fan Jan-Friso Bruinsma. ‘Jacobs Kaas’ komt 3 punten tekoart. ‘De voetbalomnivoor’ nimt ek lyk de kopposysje oer fan ‘De Terpies’.

Afbeeldingsresultaat voor hendrik de jong wommels

Op nei de titel!

Opfallend dat dizze edysje ‘De Voetbalomnivoor’ fan Hendrik de Jong en ‘Torpedo Toering’ fan Jaap op de earste twa posysjes steane. Hendrik hat de SDS-League al twa kear wûn en Jaap sels trije kear. Wy mienden altiten dat rissultaten út it ferline gjin garansje jûchen………..

Ek opfallend is dat sawol ‘DumFRIES’ fan Johan Delfsma as ‘Dum(p)fries’ fan Broer-Jacob Greidanus 85 punten hawwe en dield 17e stean.

Noch opfallender binne de 4 M’s by de lêst 7 fan de SDS-League. Mark(59), Marco(62), Marco(63) en Marc(65) begjinne net al te sterk oan dizze SDS-League…….

De reade lantearn is dus noch altiten foar Marc Hoekstra mei ‘Kratje Bier’. Hy hat noch krekt in pear punten minder as ‘Wout’ fan Harm & Vera en ‘Maccabi Marco’ Rijpkema.

 

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 2