SDS-League: ‘Balletje balletje’ pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 19-4-2018
19 april 2018
Weppers freed 20-4-2018
20 april 2018

Dizze wike pakt Grietzen Broersma mei ‘Balletje balletje’ oertsjûgend de wykpriis mei mar leafst 71 punten. Dat is 8 punten mear as de nûmer 2 dizze wike en ivige twadde; ‘Anne Steen op Nr.1’ fan Anne Stenekes. ‘FC Lopens’ fan Sjoerd de Vries die it ek net gek mei mar leafst 61 punten.

Igors ‘Kali kartel’ liket defintyf de macht oernommen te hawwen fan Martijns ‘Pablo Rispens’. Igors ‘Kali kartel’ pakt mar leafst 60 punten, pakt de kopposysje en lit neat hiel fan Martijns ‘Pablo Rispens’. Igors ‘Kali kartel’ nimt in foarsprong fan mar leafst 14 punten op Martijns ‘Pablo Rispens’ en lit tagelyk Johans ’11 fan Delf’ sakje fan 1 nei 3.

‘Igors ‘Kali kartel’ naam ôfrûne sneon al efkes in foarpriuwke op de kopposysje!’

Mei it trochdewyks programma fan dizze wike kin it der nije wike wol wer ris hiel oars útsjen hawwe wy it idee……

De ponghâlder fan SDS, Henk Postma, liket aaien foar syn jild te kiezen en giet fol foar de poedelpriis. Hy stiet mei ‘Henkie Cola’ ynmiddels 20 punten efter op de familie Hiemstra mei ‘GEMANIJO’ dy ’t al tefreden binne mei it kampioenskip fan PSV…………

 

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 9